Grûnwet
Appearance

In grûnwet, ek wol konstitúsje' neamd, is in list fan wetten, foarskriften en regels. Yn dy list stiet hoe't in lân bestjoerd wurde moat en wat elk syn taak is. In grûnwet kin net samar feroare wurde. Yn de grûnwet stiet ek beskreaun wat de grûnrjochgten fan alle boargers binne. Sa hat eltsenien rjocht op:
- frijheid fan ûnderwiis
- frijheid fan godstsjinst
- parsefrijheid
De Nederlânske grûnwet is fan 1814 en is sûnt de ynfiering faak feroare. Dat sprekt foar himsels om't boargers yn 'e rin fan 'e tiid ek feroare binne. De Grûnwet fan de Bûnsrepublyk Dútslân kaam yn 1949 fan krêft as ferfanger fan 'e Grûnwet fan Weimar. De Amerikaanske grûnwet kaam yn 1789 fan krêft.