Swierwêzen

Ut Wikipedy
Frou 26 wiken swier

It swierwêzen (graviditeit), it ferwachtsjen of by bisten de drachtigens, is de tastân wêryn in frou (of in oar (sûch)dier) in befruchte aaisel, en dêrnei embryo en foetus, yn har draacht.

It swierwêzen by de minske[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gewoanwei nestelet de befruchte aaisel him yn de liifmoer (uterus). Nestelet de aaisel him earne oars, dan is der sprake fan bûtenliifmoersk swier (ekstra-uterine graviditeit). Nei skatting 15 % fan de fêststelde swierens einiget yn in miskream. Fan alle befruchte aaisellen giet sels ± 50% ferlern, meastal lykwols al ear't de frou murken hat dat hja swier is.

De groei fan de liifmoer yn it swierwêzen

It swierwêzen begjint as in aaisel befruchte wurdt troch in siedsel en einiget mei de berte fan it bern. Nei de berte fan it bern kin it seis wike oant inkele moannen duorje ear't de tastân fan it frouwelichem werom is yn dy fan foar de swierens. Dy perioade hjit it ûntswierjen (puerperium). Boarstfieding spilet in positive rol yn dat proses. Flessefieding kin wer oare foardielen hawwe.

As de swierens net winske is en men gjin ûnthâlding fan seks hawwe wol, kin gebrûk makke wurde fan hoedmiddels. (anticonceptiva).

Fuortgong by de minske[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frou 34 wiken swier

Gewoanwei begjint it fêststellen fan it begjin fan it swierwêzen net by de (ûnderstelde datum fan) befruchting, mar by de earste dei fan de lêste menstruaasje, dy't krekter fêst te stellen is. De datum fan de konsepsje wurdt rûsd op ûngefear twa wiken dêrnei. Sa metten komt de befalling nei gemiddeld 40 wiken. In tiid fan swierwêzen, ek dracht neamd, tusken 37 en 42 wiken wurdt as normaal beskôge. De perioade fan 37 oant 42 wiken wurdt "de à terme perioade" neamd.

Yn de earste trije moannen fan it swierwêzen fielt in part fan de oankommende memmen har faak mislik, en kin de rook fan bepaald iten nochal tsjinstean. It is mooglik dat dy tastân it embryo beskermet tsjin stoffen dy't skealik wêze kinne.

Yn de middelste trije moannen fan de swierens fiele de measte oankommende memmen har better.

Pas yn de lêste trije moannen freget it bern yn de liifmoer in soad enerzjy: It groeit hurd en nimt ta yn gewicht. Dêrtroch fiele oankommende memmen har gauwer wurch. In frou komt gemiddeld ± 12 kilogram oan (guon oant 25) as se swier is; mar ûngefear ien tredde dêrfan is it gewicht fan it bern sels.

Witsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ungefear twa wike nei de earste dei fan de lêste menstruaasje bart meastentiids de befruchting of konsepsje.
  • Inkele dagen nei de befruchting folget de ynnêsteling (nidaasje) fan it embryo yn it endometrium fan de liifmoer.
  • Nei it útbliuwen fan de menstruaasje is in swierenstest oer it generaal sinfol om de dei hinne dat de earstfolgjende de menstruaasje ferwachte wurde soe; foar dy tiid is de kâns op in fout-negative útslach grut.
  • Nei ûngefear sechtjin wiken kin de frou dy't swier is de poppe bewegen fiele (skoppe). By in twadde en lettere swierens fielt of werkent de frou soks faak wat earder as by it earste swierwêzen, omdat se dan wit hoe't soks fielt. Yn werklikheid beweecht it bern lykwols al folle earder; guon memmen fiele al beweging foar de tolfde wike.
  • Nei gemiddeld 40 wiken komt de befalling, ek kream neamd.

Ferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynfloed fan smoken en alkohol[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sawol smoken as it brûken fan alkohol yn de swierens kinne skealike gefolgen hawwe foar de sûnens en de ûntwikkeling fan it net-berne bern. Dochs bliuwt ien op de fjouwer froulju drinken en bliuwt ûngefear ien op de fiif swiere froulju smoken.[1]

Alkohol kringt troch de plasenta en kin dêrtroch de foetus skansearje yn alle stadia fan de swierens. Bern dy't bleatsteld binne oan alkohol yn de swierens gûle mear, sliepe minder, reagearje letter en kalmearje stadiger nei opwining. Se hawwe gemiddeld in leger IQ, mear learsteurnissen en sosjale problemen. Sels konsumpsje fan minder as ien glês deis kin liede ta in ferhege kâns op groei-ôfwikings, in miskream en deaberte.[2]

Bleatstelling oan deiske hege alkoholdosearrings by de ûntwikkeling fan de foetus kin liede ta it foetaal alkoholsyndroom (FAS). FAS-bern hawwe in groei-efterstân, ôfwikende antlitskaaimerken en neurologyske ôfwikings. Relatearre oandwanings binne Alcohol-Related Neurodevelopmental Disorder (ARND) en Alcohol-Related Birth Defects (ARBD).[2] ARND liket op FAS, mar dan sûnder de uterlike skaaimerken en ARBD betreft lichaamlike ôfwikings lykas hert-, bonke- en/of orgaanproblemen.

Giftige stoffen dy't ynhalearre wurde troch it (mei-)smoken, lykas nikotine en koalmonokside, beynfloedzje de groei fan de frucht. Nikotine liedt ta fetfernauwing en koalmonokside nimt yn it bloed it plak yn fan soerstof.[1] Dêrtroch krijt de frucht minder bloed (dus minder fiedingsstoffen) en minder soerstof. Mei dêrtroch is it bertegewicht fan de poppe fan smokende froulju gemiddeld 250 gram leger. Smoke liedt ek ta ferhege kâns op ûnfruchtberens: by smokende froulju is de tiid oant de konsepsje gemiddeld 30% langer as by net-smokende froulju. Smoke by de swierens fergruttet de kâns op in miskream of ierberte. Yn it earste libbensjier fan de poppe is de kâns op luchtwegenynfeksjes en widzedea grutter.[3]

Bern fan froulju yn waans omjouwing smookt wurdt, blike by yntelliginsjetests gemiddeld 'normaal' te skoaren. Mar bern fan froulju dy't sels smoke, lizze gemiddeld minder goede testen ôf. Dat sizze ûndersikers fan de universiteit fan Rochester (VS), dy't by in ûndersyk tusken 1979 en 1983 ûngefear 400 bern belutsen. By it ûndersyk waard rekken hâlden mei faktoaren as dieet, opfieding, leeftiid, komôf en IQ fan de smokende frou. Neffens ûndersikers soe troch it smoken de tafier fan soerstofgas en fiedingsstoffen nei de foetus remme wurde.

Bern fan manlju dy't deis mear as 20 sigaretten smoke, hawwe twa kear safolle kâns op in oanberne ôfwiking (hazzelippe of hertôfwiking) as bern fan net-smokers. Dat soe ferbân hâlde mei it feit dat yn sigarettereek in soad stoffen sitte dy't tige skealik binne foar it erflik materiaal yn sperma. It meganisme om de skea dy't de "frije radikalen" oanrjochtsje te werstellen, wurket net genôch troch de grutte oerfloed fan de stoffen yn de reek. Ek anty-oksidanten as fitamine C en E en bêtakaroteen wurkje net goed troch dy stoffen.

Fieding en it swierwêzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Fiedingssintrum hat in list fan fiedingsmiddels opsteld dy't net iten wurde moatte yn de swierens. Foarbylden: rau fleis, rôffisken, genêskrêftige krûden, drop.

Frije by it swierwêzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it earste trimester fan de swierens kin de frou lêst hawwe fan mislikheid, spui-oanstriid of wurgens. Dy faktoaren kinne derfoar soargje dat de nocht of de wille oan frijen minder wurdt. Ek moatte guon froulju faker pisje, in gefoel dat by de geslachtsmienskip noch fersterke wurde kin. It feit dat de boarsten gefoeliger wurde, makket dat guon froulju it oanreitsjen dêrfan net lekker fine. Oaren genietsje seksueel krekt mear fan dy ekstra gefoelichheid.

In soad fan de ûngemakken út it begjin fan de swierens ferdwine yn it twadde trimester. De fagina wurdt breder en produsearret mear focht, dat krekt fan geur ferskilt mei dat fan earst. In soad froulju fiele har yn dizze perioade gauwer of faker opwûn.

It is in wiidferspraat misferstân dat frije yn de lêste faze (it tredde trimester) fan de swierens oanlieding jaan kinne soe ta in te iere berte. Ut koartlyn ferskynde rapporten blykt dat dy ferûnderstelling ferkeard is. Yn gefallen dat frijen in oarsaak like te wêzen fan in iere befalling, blykte de werklike oarsaak faak in ynfeksje yn de fagina te wêzen. As der gjin sprake wie fan siikmeitsjende mikro-organismes yn de fagina, like it earder oarsom te wêzen: Faker frije late krekt ta minder iere bertes.

It frijen in de klassike posysje, wêrby't de man op de frou leit, kin lykwols wol troch de dikke búk behindere wurde. Dêrom wurde oare stantsjes oanrikkemandearre, lykas de leppeltjeshâlding of in posysje wêrby't de frou op de man sit.

Boarststimulaasje kin resultearje yn de ôfskieding fan bjist, wat hiel gewoan is mar wat guon keppels steurend fine.

Soms ferbiedt de arts om seks te hawwen. Soks bart meastentiids as der slimme problemen binne by de swierens.

Neffens it blêd 'Ouders Van Nu' bliuwt 26% de heule tiid fan swierwêzen frijen. 8% stoppet nei de 36ste wike, 31% stoppet tusken de 29ste en 36ste wike, 15% stoppet tusken de 17de en 28ste wike en 17% stoppet foar de 17de wike.

Menstruaasje en it swierwêzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In oantal swiere froulju krijt noch in blieding op it momint dat har folgjende menstruaasje komme moatten hie. Dy blieding wurdt feroarsake troch it befruchte embryo dat him ynnestelet yn it liifmoerslymflues. By sa'n ymplantaasjeblieding binne der ornaris minder bloedferlies en minder búkkrampen. Bloedferlies yn it fierdere ferrin fan de swierens kin hiel ûnskuldich wêze, mar men docht der dochs goed oan yn soksoarte gefal in arts te rieplachtsjen. It kin ommers ek wize op in driigjende miskream, seker as de blieding fûl en pynlik is.

Problemen, sykten en syndromen yn it swierwêzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prenataal ûndersyk

Neist boppesteande problemen en sykten, binne der ek problemen dy't yn de swierens ûntsteane of slimmer wurde, mar dy't ek foarkomme sûnder swierens ( û.o. sûkersykte, skyldkliersykten (hypertyreoïdy en hypotyreoïdy), stjurringssteurnissen, en in soad oaren dy't effekt hawwe op it swierwêzen en omkeard).

Ferskynsels by it swierwêzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

William Hunter, Anatomia uteri humani gravidi tabulis illustrata, 1774

Ferskynsels by de swierens kinne wêze:

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Froulju yn har swierens hawwe troch de iuwen hinne in boarne fan ynspriraasje west foar keunstners.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 KWF Kankerbestriding (2003). Kinderen? Stop dan met roken! Parseberjocht 5 febrewaris 2003
  2. 2,0 2,1 Gearfettting fan resinte literatuer oer de gefolgen fan alkoholgebrûk by it swierwêzen en boarstfieding, Stichting alkoholprevinsje
  3. Rookvrij zwanger: de risico's van roken voor en tijdens de zwangerschap