Poppe

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Poppe

Poppe of sûchling is in oantsjutting foar de jongste bern. Men sprekt oer in poppe oant it bern pjut neamd wurdt. Faak wurdt ek foetus of ûnberne bern, dus noch yn de liifmoer in poppe neamd.

Krekt berne[bewurkje seksje | edit source]

Poppe fan 11 dagen âld
Poppe fan 6 moanne âld

It krektberne poppe wurdt oant de leeftiid fan tritich dagen of by syn ferbliuw op in neonatale ôfdieling neonaat of neonatus neamd (Latyn: nijberne). Oars as jongen fan bisten kin de poppe by minsken hast neat. By apen bygelyks kin it jong him al fuort nei de berte oan de mem fêsthâlde. Poppen hawwe dan wol in gryprefleks (sjoch hjirûnder), mar dy is net mear funksjoneel yn de minsklike foet en ek de facht fan de mem ûntbrekt. Wol is de refleks sterk genôch om in minskebern oan twa hantsjes op te tillen. Pas op foar it holtsje! In poppe kin syn/har relatyf grutte holle net sels rjochtop hâlde, de earste twa moanne. Ek by bûdeldieren binne de krektberne jongen folslein helpleas, mar dêr groeie se sûnder fierdere fersoarging troch yn de bûdel fan de mem.

Soks komt trochdat de harsens noch net genôch ûntwikkele binne. By de berte hat in minsk ± 350g oan harsens, dit is sa'n 30% fan it folwoeksen gewicht. Ta fergeliking hat in lytse sjimpansee al sûnt de berte 65% fan it folwoeksen gewicht. Yn it earste libbensjier meitsje de harsens dus in geweldige ûntwikkeling troch. Meidat in minsk by de berte relatyf mar in bytsje harsens meikrijt, krijt it bern de kâns fleksibel te ûntwikkeljen. Yn it earste libbensjier kinne in soad tige ferskillende funksjes - lykas lichaamlike, psychologyske, sosjale, morele ensafuorthinne - ta ûntwikkeling komme.

Neffens Adolf Portmann is nei 9 moannen sprake fan in fysiologyske berte, de psychologyske berte is ûngefear in jier nei de fysiologyske berte. De sûchling bliuwt wylst yn de psychososjale memmeskoat. Op de ein fan de "twadde dracht" bart dan neffens him de psychologyske berte of eigentlike minskwurding.

Bining oan mem en heit[bewurkje seksje | edit source]

Omdat de poppe folslein ôfhinklik is fan de âlden, is it wichtich foar it oerlibjen fan de poppe syn âlden oan him wit te binen. Sa sil de poppe nei ûngefear 6 wiken spontaan nei syn fersoargers laitsje. Nei in normale befalling fielt de mem har yn de measte gefallen fuortdaliks oanlutsen ta har poppe. Dit hat mooglik te krijen mei de spesifike geur dy't in lytse poppe ôfjout.

Fieding[bewurkje seksje | edit source]

Boarstfieding[bewurkje seksje | edit source]

poppe krijt boarstfieding
poppe krijt flessefieding

De natuerlike fiedingsboarne foar poppen is memmemolke dy't troch de boarsten fan de mem oanmakke wurdt. Hieltiten wurdt troch ûndersyk befêstige dat memmemolke de ideale fieding foar de poppe is. It befet alle fiedingsstoffen dy't de poppe nedich hat en eksakt de goede ferhâlding, mei de juste temperatuer, en altyd farsk. Boppedat befet de memmemolke sellen en antistoffen dy't de poppe beskermje tsjin baktearjen en firussen. Fierder stelt men in lichte stiging fêst fan it yntelliginsjekosjint) fan de poppe by langduorjende boarstfieding. Ek foar de mem hat boarstfieding jaan geunstige effekten op de gesondheid, lykas in legere kâns op boarstkanker en in flugger werstel fan de liifmoer nei de befalling.

Om boarstfieding jaan te kinnen, moat in mem de poppe fansels by har yn de buert hawwe, seker de earste perioade. Memmemolke kin ek ôfkolve wurde en yn in fleske jûn wurde, hoewol't oanrieden wurdt net mei in fleske te begjinnen eardat de poppe 4 oant 6 wiken âld is en it oan't boarst drinken goed ûnder de knibbel hat. As de poppe ienris út in fleske drinke kin, kin de mem eventueel útstapkes meitsje of oan it wurk gean sûnder de poppe, wylst se de kolve molke foar de poppe efterlit.

Boarstfieding jaan is foar poppe en mem de bêste en maklikste manier fan fieden. It boarst jaan is natuerlijk, mar moat wol leard wurde troch mem en poppe. Soms komme der swierrichheden foar troch minne begelieding, lykas titkleauwe troch it net goed oanlizzen fan de poppe. Yn sa'n gefal wurdt oanrikkemandearre in laktaasjekundige meisjen te litten.

De boarstfieding moat fan de earste dei ôf goed op gong brocht wurde troch de poppe de earste dagen faak oan te lizzen, soms wol elk oere of elke twa oere. Under ynfloed fan it oan't boarst hawwen, komt de boarstfieding dan oer it algemien binnen inkele dagen op gong. As men de molkeproduskje ekstra stimulearje wol omdat de poppe net hurd genôch of faak genôch sûgje wol, kan men bykolvje en dit mei in leppeltsje of spuitsje byjaan. Troch om de pis- en poepruften en it gewicht te letten, kin de groei yn de gaten hâlden wurde wylst de boarstfieding goed op gong komt. As de baby net genôch oankomt, kin de mem ekstra fieding jaan. Earste keus is de ôfkolve memmemolke fan de mem sels of fan de melkbank. As dit net beskikber is, kin byfuorre wurde mei keunstmolke.

Flessefieding[bewurkje seksje | edit source]

As de âlden derfoar kieze gjin boarstfieding te jaan, kin flessefieding jûn wurde. Alhoewol't de wrâldsûnensorganisaasje (WHO) oanriedt 6 moannen eksklusive boarstfieding te jaan en der dêrnei noch mei troch te gean oant it bern twa jier âld is, stopje in soad froulju yn de westerske wrâld nei in oantal moannen en stappe oer op flessefieding. Dizze fieding is basearre op komolke mei tafoegings, dy't safolle moooglik ôfstimd wurdt op de ferhâldings fan fiedingsstoffen yn memmemolke. Der is aparte fieding foar prematueren, dysmatueren, neonaten, sûchlingen fan ferskillende leeftiden en poppen mei allergyen. Dizze soarten keunstfieding binne yn Fryslân en Nederlân allinnich te krijen yn de apteek. In organisaasje mei in soad kennis oer flessefieding is it Fiedingssintrum.

Fêst iten[bewurkje seksje | edit source]

Fan de seisde moanne ôf begjint de poppe stadichoan mei fêst iten. Inkeldris sil in soarchferliener op basis van spesifike omstannichheden advisearje om inkele wiken earder te begjinnen mei byfuorjen. Meastentiids wurdt begûn mei fruit, griente en en brij. Byfieding kin yn de foarm fan goed prakke fruchten jûn wurde of, yn it gefal fan sêft fruit en grientes, ek yn partsjes oanbean wurde (de 'Rapley'-metoade). Ek sûnder tosken kin in poppe fan 6 moannen sêft fruit en grienten al mei de kaakjes fermeale. Stadichoan giet de poppe mear fêst fiedsel iten en drinkt it hieltiten minder memmemolke of keunstmolke.

Fersoarging[bewurkje seksje | edit source]

Bundesarchiv Bild 102-12889, Berlin, Neugeborene Kinder.jpg

De poppe is yn alle opsichten ôfhinklik en moat hielendal fersoarge wurde. De fersoarging bestiet benammen út iten jaan, ferskjinje en sliepe litte. De poppe moat meardere kearen (minstens fjouwer oant seis kear) deis in skjin ruft om salang't er net sindlik is. Hjirby kinne de billen en de geslachtsorganen fan de poppe mei in wiet doekje skjinmakke wurde. Der kin in spesjale salve yn de hûdploaien smard wurde om hûdyrritaasje te fermijen. Struipoeier wurdt bot ôfrieden omreden fan slimme byferskynsels. By te min ferskjinjen fan it ruft kin gauwer ruftútslach ûntstean. Faak gûlt in poppe as it in smoarch ruft hat.

In poppe wurdt faak ferskjinne op in oanklaaikessen dat meastentiids op in kommoade leit. Dit hat as foardiel dat de poppe sêft leit en der net maklik ôfrôlje kin. De fersoarger of âlden kinne op in goede wurkhichte stean en hawwe fia de plankjes fan de kommoade alles by de hân.

Sûnenssoarch[bewurkje seksje | edit source]

Yn Fryslân en Nederlân wurdt elk bern daliks nei de berte ûndersocht en teste op syn lichemsfunksjes middels de Apgar-skore en nei in pear dagen testen op in oantal oanberne syktes, dy't as men der betiid by is of mei in dieet kin in bettere libbensferwachting jûn wurde. Underdiel fan dit ûndersyk is de bekende hakkeprik.

Sliepe[bewurkje seksje | edit source]

In krektberne poppe sliept in soad, yn de earste twa wikel slipet it hast 2/3 fan de tiid. Yn de helt fan dy tiid yn de REM-sliep. As it bern wekker is, is it faak wat slûch en net botte alart.

Neffens Heinz Prechtl binne der 5 ferskillende wachtastannen dêr't in poppe yn wêze kin.

  • Tastân 1: rêstige sliep.
  • Tastân 2: aktive REM- of dreamsliep.
  • Tastân 3: passive wachtastân.
  • Tastân 4: aktive en alarte wachstân.
  • Tastân 5: gûle.

De reden fan safolle REM-sliep is grif dat de korteks fan de grutte harsens genôch stimulaasje nedich hat foar syn ûntwikkeling. Omdat hy by lange passive sliepperioades dizze prikels net krije soe, soarget hy foar ynterne prikels, wat konkreet as dreamen ynfold wurdt.

In feilige slipe is tige wichtich foar de poppe. Widzedea komt net folle foar, mar is in grutte eangst foar âlden. It is hiel gewoan as poppen net de hiele nacht 'trochsliepe'. Seker de earste moannen heare nachtfiedings der by, mar foar in soad bern ek langer.

Refleksen[bewurkje seksje | edit source]

Portmann neamt de krektberne poppe helpleas, jonge bern moatte by hast alles holpen wurde. Dochs hat it bern al in minimale útrêsting om yn libben te bliuwen en doelmjittich om te gean mei syn omjouwing. Der besteane natuerlike fysiologyske meganismes - temperatuerregeling, bloedirkulaasje, ... - dy't ynstean foar it ynderlik húshâlden fan it lichem. Dêrneist fertoant it bern ek inkele oanberne primitive reaksjepatroanen op útwindige prikels, refleksen neamd.

Der binne in oantal bliuwende refleksen mei in fitale funksje lykas:

Typysk foar poppen binne lykwols de oergeande refleksen, wat reaksjepatroanen binne dy't allinnich yn de earste wiken of moannen nei de berte sichtber hearre te wêzen. Guon oergeande refleksen hawwe ek in fitale funksje, oaren binne yn it earste oankommen funksjeleas. Mooglik stamje dizze ôf fan de fiere foarskiednis. It wurde dan ek de primitive refleksen neamd.

Inkele oergeande refleksen:

  • Sykrefleks of snuffelrefleks. By sêft oanreitsjen fan it wang fan de poppe draait it bern syn holle dy kant op en docht hy syn mûle iepen. Dit stelt de poppe yn steat fluch de titl te finen fan it boarst fan de mem.
  • Sûchrefleks. Sadree't de poppe wat yn de mûle fielt, begjint hy te sûgjen, it makket net út oft it in finger, de sûchflesse of de tit yn de mûle hat.
Poppefuotsjes: links yn byld de gryprefleks, rjochts babinski
  • Asymmetryske Toanyske Nekkerefleks. As it holtsje bygelyks nei links draait, strekke de linkerearm en de linkerskonk, wylst de rjochterearm en de rjochter skonk harren bûge. De eagen folgje dêrnei de wei fan it hantsje. Dit is it begjin fan de each-hânkoördinaasje. Yn de saneamde 2e spildraai by de berte docht it bern dizze bewegings en draait mei by de weeën.
  • Primêre Skrikrefleks of Moro-refleks. By in hoopstoopse beweging (bygelyks as de poppe hast falt) docht de poppe syn earms wiid iepen en slút se dêrnei wer. Ek by in hurd lûd of ljochtflits kin soks barre. As de poppe dêrby tige skrokken is, begjint er te gûlen, Dizze refleks docht tinken oan in jong aapke dat him fêstgrypt oan de mem. De neurolooch Moro hie it oer in "Umklammerungsreflex".
  • Gryprefleks. As immen in finger yn de hânpalm fan de poppe leit, pakt hy dy daliks stevich fêst. Troch it mei de beide hannen te dwaan, kin de poppe út lizzende posysje maklik rjocht oerein lutsen wurde. De fuotten fertoane ek soksoarte refleks, mar mei de foet kin in poppe fansels net echt wat fêsthâlde. By apen foarmet dit in funksjonele ienheid mei de Mororefleks.
  • Babinski-reflekx. As men mei in puntich foarwerp oer de bûtenrâne fan de fuotsoal fan foaren nei efteren strykt, rjochtet de grutte tean him op, wylst de oare teannen har spriede. Dizze refleks ferdwynt mar hiel geleidlik en de funksje is ûnbekend. Mooglik hat de minsk as soalgonger dit ûntwikkele, om it gryprefleks yn de fuotsoal te 'brekken'.
  • Rinrefleks. As de poppe rjocht oerein hâlden wurdt troch him ûnder de earms fêst te hâlden en men lit syn fuotsjes sêft de flier reitsje, dan lûkt hy ien skonk op, lykas't hy stapt, it oare fuotsje wurdt mei hakke en al delsetten op de grûn. Neurologysk is dit in bliuwende refleks, mar omdat it frijwat spierkrêft ferget, is dizze refleks allinnich te sjen as it bern alle dagen "oefent". (Troch dizze refleks te oefenjen, begjinne bern net earder te rinnen, se ûntwikkelje allinnich sterkere skonkspieren.)
  • Spinale Galant refleks en Pulgar Marx refleks: stryk by de wervelkolom del oan ien side, dan lûkt it bern har heup oan dy side op, beskreau Galant. De P.M. refleks treedt op, as de wervelkolom oan beide siden strutsen wurdt: dan begjint it berntsje te pisjen.
  • Toanysk labyrintrefleks hat in foarwertse en efterwertse fariant.

Nei foaren ta: as de romte yn de liifmoer lytser wurdt, neigeraden it bern groeit, wurdt de efterholle fan de foetus hieltiten mear nei foaren ta treaun - as reaksje hjirop 'teart it bern him op'. Dit is ek te sjen by langút lizzende neonaten: wurdt it holtsje optild kin rjochting boarst, dan giet it bern yn foetushâlding.

Nei efteren ta: dit treedt op by it berteproses: it holtsje fan it bern giet efteroer it bertekanaal yn, de refleks is, dat it bern him strekt en him "ôfset" op it mulruft fan de mem, it bern wurket mei by de berte. Dit is ek by neonaten te sjen. Dizz TLR refleks mei oant fde leeftiid fan trije en in heal jier te sjen wêze (bygelyks yn op de teannen rinne mei de holle yn de nekke).

Poppes hâlde sels de siken yn ûnder wetter
  • Swimrefleks. As it bern mei it antlit nei ûnderen ta yn it wetter hâlden wurdt, begjint it daliks mei de earmkes te peddeljen en mei de teantsjes te trappeljen.
  • Glabellarefleks. Tikken op de foarholle krekt boppe de noasrêch liedet ta oanhâldend kniperjen fan de eagen.
  • Palmomentale refleks. Striken oer de tommemûs fan de poppe feroarsaket in kontraksje fan de ipsilaterale kinspieren.
  • Symmetrysk Toanyske nekkerefleks Oer dizze releks is de diskusje geande, oft it in oergongs of in primityve refleks is. It wurdt sichtber flak foardat de bern begjinne te krûpen: as it ben op it liif leit en de holle, strekke de earms har en bûge de skonken (bern giet 'sitten as in kat'). Giet de holle nei ûnderen ta, bûge de earms en strekke de skonken. Mooglik is de funksje, it 'brekken' fan de TLR. Ek is it trenen foar de eagen yn ôfwikseling tichtby en fierôf fokusje.

De refleksen fan in boppe binne ek ûnder te ferdielen yn trije groepen:

  • de primitive refleksen. Dit binne flecht- en oerlibbingsrefleksen dy't har al yn de liifmoer ûntwikkelje en fan belang binne om de earste moannen te oerlibjen. De refleksen hawwe harren oarsprong yn de harsenstamme. Dit binne de hjirboppe neamde refleksen.
  • de transisjonele refleksen. Dizzen komme út de tuskenharsens en hawwe te krijen mei it útstean fan de swiertekrêft. Se ûntsteane tusken de seisde en achtste moanne nei de berte en ferdwine dêrnei wer.
  • de posturale refleksen. Dizzen komme al sa'n 2 moannen nei de berte foar it ljocht en komme út de harsenskors. Dizze refleksen hawwe te krijen mei stean, rinnen, praten en sa. Dizze refleksen bliuwe de rest fan it libben bestean.

As earste ûntwikkelje har:

  • haadrjochtingsrefleks It bern tilt yn liiflizzing de holle op en it doel fan de HRR is, dat de holle altiten 'leadrjocht' stean bliuwt, ek al makket it lichem ûnder de holle allerhanne bewegingen. Tanksij de HRR kin in minsk in stabyl blikfjild hawwe, ek by it rinnen, draven dûnsjen en sa.

Spul en ynteraksje[bewurkje seksje | edit source]

De ynteraksje mei in poppe is yn it begjin frij iensidich, de poppe kin noch net folle respons jaan oan de âlder. Op de leeftiid fan ûngefear seis wiken begjint de poppe te laitsjen as in bekend gesicht ferskynt. In pear moanne letter kin de poppe al in earste spultsje dwaan: pibaboartsje.