Thorbecke Akademy

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Thorbecke Akademy is in HBO-ynstitút foar Bestjoerskunde en Oerheidsbehear en makket diel út fan NHL Stenden Hogeschool yn Ljouwert . De Thorbecke Akademy waard yn 1986 iepene troch Prins Claus en wie it earste ynstitút yn Nederlân dat opliedings foar Bestjoerskunde op in heger beropsnivo levere. Yn 2002 waard ek mei de programma's Yntegrale Feiligheid en Jeropeeske stúdzjes úteinset. Op 30 septimber 2016 fierde de Thorbecke Akademy syn 30e jubileum mei in sympoasium yn de Kânselarij yn Ljouwert.

Ien dy't oan de Thorbecke Akademy ôfstudearret kriget in Bachelor of Public Management-diploma (BPM). Tsjintwurdich krije alumni de titel Bachelor of Arts.

De akademy hat in stúdzjeferiening neamd " SG Trias Politica ". Dy feriening stribbet nei it befoarderjen fan de persoanlike en yntellektuele ûntwikkeling fan har leden.

Opliedings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folgjende opliedings kinst studearje oan 'e Thorbecke Akademy:

  • Bestjoerskunde / oerheidsmanagement
  • Yntegrale Feiligheid
  • Jeropeeske stúdzjes
  • HBO-rjochten

Bekende (âld)-studinten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]