Springe nei ynhâld

Arno Brok

Ut Wikipedy
Arno Brok
Arno Brok (2011)
Arno Brok (2011)
Algemien
Berne29 july 1968
BerteplakLeardam
FunksjeKommissaris fan de Kening fan Fryslân
Sûnt1 maart 2017
PartijVVD
ReligyRoomsk-katolisisme
Titelsdrs.
Politike funksjes
1994-2002Gemeenteriedslid yn Ljouwert
1994-1998Fraksjefoarsitter yn de gemeenteried
1998-2003Wethâlder yn Ljouwert
2003-2010Boargemaster fan Snits
2010-2017Boargemaster fan Doardt
2017-noKommissaris fan de Kening fan Fryslân

Arnoud Adrianus Maria (Arno) Brok (Leardaam, 29 july 1968) is in Nederlânske politikus fan de VVD. Tsjintwurdich is er kommissaris fan de Kening fan Fryslân.

Fan 1998 oant 2003 wie er wethâlder yn Ljouwert. Fan 2003 oant 2010 wie er boargemaster fan Snits. Fan 2010 oant 2017 wie er boargemaster fan Doardt.

In opfallend optreden yn syn funksje as boargemaster fan Snits wie de lanlike yntocht fan Sinterklaas op 12 novimber 2005. Opmerklik oan Brok is ek dat er in iepenlik homoseksueel boargemaster is.

Hy wie ek foarsitter fan de Fryske Rie fan Tsjerken.

Yn 2000 krige Arno Brok de Fear yn 'e Broek fan de Ried fan de Fryske Beweging.

Sûnt 1 maart 2017 is er kommissaris fan de Kening yn de provinsje Fryslân. Hy wie de earste kommissaris fan de Kening dy't syn ynstallaasjetaspraak folslein yn it Frysk hold.[1] Op 17 jannewaris 2019 waard Brok troch it fakblêd Binnenlands Bestuur útroppen ta de bêste bestjoerder fan de ferrûne tsien jier.[2]

Njonkenfunksjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 15 septimber 2005 waard Brok foarsitter fan de Ried fan Bestjoer fan Schorer, in belange-organisaasje fan homoseksuelen, biseksuelen en transseksuelen.

Brok is lid fan de Permaninte Scoutingskommisje fan de VVD. Fan 2010 oant en mei 2016 wie er foarsitter fan de bestjoerdersferiening fan de VVD. Sûnt 2011 wie Brok sekretaris fan it VNG-bestjoer. Teffens hat er dêr oare njonkenfunksjes lykas foarsitter fan de kommisje Underwiis, Kultuer en Sport fan de VNG. Ek hat Brok him ynset op it mêd fan de Fryske taal. Sa wie er fan 2003 oant en mei 2010 foarsitter fan de Afûk. Fan 15 novimber 2018 ôf oan is er foarsitter fan it Rezjykolleezje Waadgebiet (Regiecollege Waddengebied).

Brok wie fan oktober 2016 ôf oant syn beneaming ta kommissaris fan de kening foarsitter fan it Nederlands Genootschap van Burgemeesters.

Brok is frijfeint. Hy is lid fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Ek is er Ridder yn de Oarder fan it Hillich Grêf fan Jeruzalem en Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Gûverneurs en Kommissarissen fan de Kening(inne) fan FryslânFlagge fan de Provinsje Fryslân
Idsert Aebinga van Humalda (1814-1826) ● Jan Adriaan van Zuylen van Nijevelt (1826-1840) ● Maurits Pico Diederik fan Sytzama (1840-1848) ● Jan Ernst van Panhuys (1848-1878) ● Binnert Philip van Harinxma thoe Slooten (1878-1909) ● Pieter Albert Vincent van Harinxma thoe Slooten (1909-1945) ● A.W. Haan (1945) ● Harry Linthorst Homan (1945-1970) ● Hedzer Rijpstra (1970-1982) ● Hans Wiegel (1982-1994) ● Loek Hermans (1994-1998) ● Ed Nijpels (1999-2008) ● John Jorritsma (2008-2016) ● Joan Leemhuis-Stout (2016-2017) ● Arno Brok (2017-no)