Hedzer Rijpstra
Hedzer Rijpstra (Zelhem, 11 maaie 1919 - Oegstgeest, 7 april 2011) [1] wie in eardere Nederlânsk amtner en âld-politikus foar de CHU.
Fan juny 1946 oant septimber 1952 wie Rijpstra wurksum by it Ministearje fan Bûtenlânske Saken. Hy wie boargemaster fan Smilde (oktober 1952 - 1960), fan Terneuzen (1960-1966) en fan Almelo (1966 - juny 1970). Yn 1970 waard er Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. Hy gie yn 1982 mei pinsjoen en waard opfolge troch Hans Wiegel. Hy stie bekend as in dynamyske persoanlikheid dy't it iepenbier bestjoer bedreau as in spul. Yn Fryslân waard er sjoen as in goede foarsitter en as in freonlike bestjoerder mei natuerlik gesach. Hy waard ienris (yn 1967) neamd as CHU-minister fan Ynlânske Saken.
Fierders wie er ûnder oare foarsitter fan it ETIF, it Provinsjaal opbouorgaan, de behearskommisje PEB en presidint-kurator fan de Noardlike Leargongen. Ek wie er lid fan it haadbestjoer fan de AVRO.
Underskiedings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau (7 juny 1970)
- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Grutofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau (juny 1982)
- Gouden earepeinje fan Terneuzen (1966)
Famylje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Johannes Rijpstra (1889-1944), boargemaster (heit)
- Jan Rijpstra (1955), gymnastyklearaar, sportbestjoerder en politikus (û.o. boargemaster) (neef)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Nederlânsk amtner
- Nederlânsk politikus
- CHU-politikus
- Nederlânsk boargemaster
- Kommissaris fan de Kening(inne) yn Fryslân
- Nederlânsk konservatyf
- Frysk amtner
- Frysk politikus
- Frysk konservatyf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Achterhoeksk persoan
- Bronckhorst
- Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Grutofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Persoan berne yn 1919
- Persoan stoarn yn 2011