Springe nei ynhâld

Hans Wiegel

Ut Wikipedy
Hans Wiegel
Algemien
Berne 16 july 1941
Berteplak Amsterdam
Partij VVD
Titels Cand.
Politike funksjes
1967-1977, 1981-1982 Lid Twadde Keamer
1971-1977, 1981-1982 Fraksjefoarsitter Twadde Keamer
1971-1982 Partijfoarsitter fan de VVD
1977-1981 Minister fan Ynlânske Saken
1977-1981 Twadde Minister-Preidint
1982-1994 Kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân
1995-2000 Lid Earste Keamer
Hans Wiegel yn Fryslân (1985)

Hans Wiegel (Amsterdam, 16 july 1941) is in earder Nederlânsk politikus foar de VVD. Hy wie fan 1982 - 1995 Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. Fan 1995 - 2012 wie er foarsitter fan Soarchfersekerders yn Nederlân en hat dêrby noch in soad byfunksjes.

Komôf en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hans Wiegel syn heit wie binnenhûsarsjitekt, hie in meubelmakkersbedriuw en wie ek oannimer.

Wiegel siet yn Amsterdam op de iepenbiere legere Potgieterskoalle, dêrnei fan 1953 oant 1959 op it Gemeentlik Gymnasium yn Hilversum, dêr't er de B-rjochting folge. Dêrnei studearre er fan 1959 oant 1965 oan de Universiteit fan Amsterdam in stikmannich moannen rjochten en dêrnei politike wittenskippen wêryn't er syn kandidaatseksamen behelle. Hy wie in hurtsje lid fan it Amsterdamsk Studintekorps (A.S.C.) by it doe krekt oprjochte dispútgenoatskip E.N.E.R.G.I.A. mei as dispútsnamme 'W'.

Politike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fraksjefoarsitters Joop den Uyl en Hans Wiegel yn petear yn de Twadde Keamer (22 juny 1972)

Wiegel begûn syn karriêre by de Gooiske JOVD, de jongereinorganisaasje fan de VVD. Yn 1967 kaam er foar de VVD yn de Twadde Keamer. Yn 1972 wie er listlûker foar dy partij. Yn it earste kabinet Van Agt wie Wiegel minister fan Binnenlânske Saken. Fan 16 juny 1982 waard er as It orakel út Ljouwert kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân. Fan 1995 - 2000 wie Wiegel lid fan de Earste Keamer. Yn de nacht fan 18 maaie op 19 maaie 1999 wie er yn de Nacht fan Wiegel fan grutte ynfloed op de fal fan it twadde Pearse Kabinet. Sûnt syn ôftreden as minister waard der in soad spekulearre op syn weromkommen as polityk lieder fan de VVD, mar yn 2006 joech er oan om reden fan 'persoanlike en politike aard' net werom te kommen yn de polityk.

Wiegel wurket tsjintwurdich as kolumnist fan it deiblêd "De Telegraaf". Wiegel waard op 1 augustus 2019 troffen troch in lyts harsensynfarkt.[1]

Hans Wiegel hat twaris troud west. Syn earste frou, Pien Frederiks (1954-1980), ferlear it libben by in auto-ûngemak yn 1980.[2] Twa jier letter boaske er opnij mei Pien har âldere suster Marianne (1951-2005). Ek sy ferûngelokke troch in auto-ûngemak yn 2005.[3]

Underskiedingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: