Amsterdam
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
|---|
| Amsterdam | |
|---|---|
| Lokaasje yn Nederlân en Jeropa | |
|
| |
| | Tiidsône : UTC 0/Simmer UTC 0 |
| Flagge | Wapen |
| Basis ynformaasje | |
| Gebiet | 188,3 km² Gemeente (lân) [1] |
| Tal ynwenners | 905.000 Gemeente (2022) [1] |
| Tal ynwenners km² | 4.748 km² Gemeente |
| Regear | |
| Lân | Nederlân |
| Konstituint lân | Nederlân |
| Regio | Rânestêd |
| Administratife yndieling | 14 distrikten (stêdsdielen) |
| Boargemaster | Femke Halsema (GL) |
| Politike partijen | |
| Webside | www.amsterdam.nl |
Dizze side giet oer de haadstêd fan Nederlân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Amsterdam (betsjuttingsside).
Amsterdam is de haadstêd fan Nederlân. De stêd leit oan é IJ, It Noardseekanaal en de mûning fan 'e Amstel yn de provinsje Noard-Hollân. Amsterdam is yn Nederlân de stêd mei de measte ynwenners, de metropoolregia van Amsterdam telt 2,5 miljoen Ynwenners. Amsterdam is de op ien nei grutste stêd kwa oerflakte mei in omfang fan 219,3 km, 2e nei Rotterdam.
Amsterdam syn namme komt troch de lizzing by in yn de 13e iuw oanleine daam yn de amstel. De stêd wurdt troch amsterdammers sels Mokum neamd, in bynamme ôfkomstich út it Jiddysk. Amsterdam Stiet derneist al sûnt in pear iuwen bekend as it 'Venetie van het noorden'. In ferliking dy't te tankjen is oan alle grêften en histoaryske pannen dy't it stjritbyld yn it âlde sintrum.
It plak krige koart nei 1300 stedsrjochten en waard yn 1345 troch it mirakel fan amsterdam in plegrimsoard. Yn de Gouden iuw groeide Amsterdam út ta ien fan de wichtichste haven fan de wrâld. In tastream fan bûtenlanners út de Súdelike Nederlannen , Dútslân en de Skandinavyske lannen late fan de ein fan de 16de iuw ôf ta stedsútwreidings, dêrûnder de lêste grêften fan de fortifikaasje dy't bekend stie as de grêfgurdle en yn 2010 taheakke is oan de Wrâlderfgoedlist.
Wichtige nijsgjirrichheden yn Amsterdam binne it Ryksmuseum – bekend om de rike kolleksje oan wurken út de Gouden Iuw – it modernere Stedelijk Museum, it Van Gogh Museum en Het Scheepvaartmuseum, en it Anne Frank Huis. Kultureel ferneamd binne dêrneist it Concertgebouw, Muziekgebouw aan't IJ en EYE Filmmuseum, lykas bistetún Artis. Ek de Wallen, de coffeeshops en de Johan Cruijff ArenA binne typysk Amsterdamske trekpleisters. Jierliks lûke dizze attraksjes miljoenen toeristen en besikers nei de stêd. Amsterdam telt twa universiteiten en meardere hegeskoallen.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om-ende-by 1270 waarden yn de Amstel sluzen oanlein. De minsken dy't har op dat stee fêstigen krigen yn 1275 fan de Hollânske greve Floris V it rjocht fan tolfrijheid troch it greefskip. Doe't de delsetting yn 1306 stedsrjochten krige sette de opkomst fan Amsterdam as stêd útein.
Yn de 15e iuw wennen der al 30.000 minsken yn Amsterdam en ûntwikkele it plak him ta grutste 'keapstêd' fan Hollân. Der ûntstie in aristokratysk oligargyske bestjoersfoech mei fjouwer boargemasters dy't oppermachtich wienen. Nei de byldestoarm besette de Spanjert Alva yn 1567 de stêd. Yn 1578 wie de saneamde Alteraasje fan Amsterdam, it stedhûs waard troch kalvinisten beset en der waard in nije froedskip keazen dy't benammen út kalvinisten bestie. De Katolike geastlikheid gong doe út de stêd wei. Nei de fal fan Antwerpen (1585), de wichtichste havenstêd yn de Súdlike Nederlannen en konkurrint, kamen in protte Antwerpenaren nei Amsterdam en fêstigen har yn de stêd. Gau dêrop arrivearren ek de earste flecht Joaden, dy't foar in ûnbidige opbloei fan de Amsterdamske hannel soarge hawwe.
Yn 1602 waard de Feriene Eastyndyske Kompanjy oprjochte, dêr't Amsterdam foar minstens de helte yn dielnaam en yn de 17e iuw (de Gouden Iuw) waard de stêd troch de opkomst fan de jildhannel it wrâldhannelssintrum. Hollânske hannelslju gongen mei skippen de hiele wrâld oer en stiften hannelsposten en delsettings. De stêd kaam ta grutte kulturele bloei, û.o op it mêd fan wittenskip en keunst. Yn de 18e iuw waard de rol fan Amsterdam as steapelmerk stadichoan minder wichtich, mar as finansjeel sintrum woeks de stêd noch hieltyd, oant de Fjirde Ingelske Oarloch (1780-1784) doe't it fan Ingelân ferlear en troch de ôfsluting fan de see ûnder de Frânske tiid, dat de deastek joech. De iepening fan it Noardseekanaal (1876) en it Merwedekanaal (1892) hawwe yn de 19e iuw wer foar nije ekonomyske oplibbing soarge, mar de stêd waard swier troffen troch de krisis fan de tritiger jierren.
Yn de earste jierren fan Twadde Wrâldkriich (1941-1942) waard de Joadske befolking nei Dútske konsintraasje- en ferneatigingskampen brocht. Oan de ein fan de oarloch hie Amsterdam te lijen troch de Hongerwinter (1944-1945). Healwei de jierren sechtich wie der in earnstige gesachskrisis (mei hichtepunten yn 1966: houlik prinses Beatrix, opskuor nei oanlieding fan in sosjaal konflikt ûnder de boufakarbeiders). De stêd waard yn de jierren sechtich it sintrum fan groepen en bewegingen dy't nei maatskiplike fernijingen stribben ('Provo', 'Kabouters', studinten en keunstners).
Stedsoansicht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De binnenstêd fan Amsterdam befynt zich oan 'e súdkant fan 't IJ. It âldste gebied fan de stêd is de omjouwing rûn de dam en de wallen. Wat fuortendalik opfalt oan 'e Amsterdamske binnenstêd, ek yn in lân mei safolle wetter as Nederlân, binne de grêften. Neist de Amstel, dêr't de stêd syn namme fan hat, en it IJ, de twa wetterwegen fan natuerlike oarsprong fan 'e stêd, binne dat yn it foarste plak de Hearegrêft, de Keizersgrêft en de Prinsegrêft, dy't as trije ringen om de âlde binnenstêd lizze. Lytsere grêften ferbine de ringgrêften mei elkoar, en mei de grêften út de âlde binnenstêd. En oan al dy grêften stean dan de grêftehuzen.
Wichtige plakken en gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Miskien it bekendste plak fan Nederlân is de Dam, mei it Keninklik Paleis, de Nije Tsjerke, it Museum Madame Tussaud en it Nasjonaal Monumint op de Dam foar de fallenen út de Twadde Wrâldkriich. Oare wichtige gebouwen binne, wat de tsjerken oanbelanget, de Westertsjerke (mei de bekende Westertoer), de Moses- en Aärontsjerke en de Sint-Nikolaastsjerke. Wat oare gebouwen oanbelanget binne in soad âlde en nije(re) gebouwen it neamen wurdich, lykas de Beurs fan Berlage en it Sintraal Stasjon. Yn Amsterdam-Súdeast, ek as Bijlmermar bekend, binne de lêste tsien jierren in pear opfallende gebouwen delsetten, wêrûnder de Amsterdam Arena, 't stadion fan fuotbalklup Ajax.

Frans Koppelaar
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
| Noard-Hollân | |
|---|---|
| Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort | |
| wizigje | |



