Springe nei ynhâld

Minister

Ut Wikipedy

In minister (fan it Latyn minister, "tsjinner", fia it Aldfrânske ministre) is immen dy't in politike funksje beklaait dy't ûnderdiel útmakket fan it regear fan in lân. Sa'nent jout lieding oan in ministearje. Oarspronklik wie in minister in tsjinner fan 'e foarst, dy't er mei rie en die bystie. Tsjintwurdich binne ministers de heechste funksjonarissen yn in steatsbestjoer dy't yn Nederlân yn 'e mande mei de steatssekretarissen it kabinet foarmje. De lieder fan dat kabinet is de minister-presidint, de premier of de earste minister. Yn Nederlân binne dy trije termen synonym, mar yn it bûtenlân faak net. Guon ministers binnen njonken harren ministerskip ek fise-premier of fise-minister-presidint, en dêrmei plakferfanger fan 'e premier of minister-presidint.

Eltse minister hat foech oer in beskaat maatskiplik en bestjoerlik ûnderdiel, sadat net ien persoan alle steatsproblemen hoecht op te lossen. Dêrom is der in minister fan Underwiis, in minister fan Definsje, in minister fan Bûtenlânske Saken, in minister fan Binnenlânske Saken, in minister fan Justysje, ensfh. Alle ministers wurde beneamd en ûntslein troch it steatshaad en moatte ferantwurding ôflizze oan 'e fertsjintwurdigers fan it folk, it parlemint. De earste yn Fryslân berne Nederlânske minister wie Jannes Johannes Cornelis van Dijk dy't yn 1921 minister fan Oarloch en minister fan Marine waard yn it Kabinet-Ruijs de Beerenbrouck I.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.