Aldfrânsk

Ut Wikipedy

It Aldfrânsk is de histoaryske taalfaze fan it Frânsk sa't dat tusken likernôch 800 en 1300 sprutsen waard. De âldste oerlevere Frânske tekst wurdt foarme troch de saneamde Eden fan Straasburch út 842, in polityk ferdrach tusken twa pakesizzers fan Karel de Grutte. De ierste Frânske literatuer (út 'e alfde iuw) bestie benammentlik út religieuze teksten en ridderromans, de saneamde chansons de geste (letterlik: "lieten fan heldedieden"). It bekendste foarbyld út dat sjenre is it Chanson de Roland, oftewol it Roelantsliet.


Dit artikel is in stobbe oer taal.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.