Johannes Rijpstra

Ut Wikipedy
Johannes Rijpstra

Johannes Rijpstra (Arum[1], 29 july 1889 - Hamburg-Hammerbrook (bûtenkamp fan Neuengamme), 9 desimber 1944) wie in Nederlânsk âld-politikus foar de ARP.

Rijpstra ferhuze doe't er 19 jier wie fan Fryslân, dêr't er amtner by de gemeente Ferwerderadiel wie, nei de Achterhoeke. Dêr giet er oan de gong by de gemeente Zelhem, ûnder oaren as gemeente-sekretaris. Op 2 febrewaris 1921 wurdt Rijpstra ta boargemaster fan dy gemeente beneamd.

Boargemaster yn oarlochstiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

At 10 maaie 1940 Dútslân Nederlân ynfalt, bliuwt Rijpstra boargemaster. Hy docht safolle at er kin foar syn doarpsgenoaten en komt foar de dilemma's fan in boargemaster yn oarlochstiid te stean. Oktober 1940 wurdt Rijpstra mei twa oare ARP-promininten oanhâlden en in stikmannich dagen fêstset yn Skeveningen, it wêrom bliuwt ûndúdlik.
Ek nei dat foarfal bliuwt er oan as boargemaster. At 1944 yn Ruurlo in ûnderdûkadres ûntdutsen wurdt en bliken docht dat de ûnderdûkers falske dokuminten fan de gemeente Zelhem hawwe, tinke de nazy's dat der op it Zelhemske gemeentehûs bedroch omgiet. Op 23 juny wurdt Rijpstra arrestearre. Hy wurdt fêstset yn de Koepel fan Arnhim. 29 augustus wurdt er oerbrocht nei Kamp Amersfoart. In moanne letter, op 9 oktober, wurdt er nei Dútslân transportearre. Yn konsintraasjekamp Neuengamme ûnder Hamburch wurdt er earst twa wiken yn karantêne hâlden. Dêrnei wurdt er nei it bûtenkamp Hamburg-Hammerbrook stjoerd. Dêr moat er mei 2000 oare finzenen it pún en de liken fan it bombardemint op Hamburch fan 1943 út de wei romje. Goed 800 finzenen fan it kamp oerlibje it net. Ek Rijpstra hellet it net. Neffens it Deadeboek komt er te ferstjerren oan enteritis op 9 desimber 1944 om 15.00 oere.

Begjin jierren tachtich krige er postúm it Fersetsbetinkingskrús.

Neitins[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch waard yn Zelhem de Koestraat omdoopt ta de Burgemeester Rijpstrastraat.

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hedzer Rijpstra (1919), boargemaster (Smilde, Terneuzen, Almelo) en Kommissaris fan Keninginne (Fryslân) (soan)
  • Jan Rijpstra (1955), gymnastyklearaar, sportbestjoerder en politikus (ûnder oaren boargemaster) (pakesizzer)

Oer Rijpstra[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Arend Hulshof: Rijpstra's ondergang. Het lot van een burgemeester in oorlogstijd. Amsterdam, Querido, 2016. ISBN 978-90-214-0204-8

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: