Loek Hermans

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Commons-emblem-urgent.svg
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Loek Hermans yn 1985

Louis Marie Lucien Henri Alphonse (Loek) Hermans (Heerlen, 23 april 1951) út Beetstersweach is in Nederlânsk politikus foar de VVD. By de Earste Keamerferkiezings 2007 is hy keazen as lid fan de Earste Keamer. Hy is op 12 juny 2007 beëdige.

Hermans folge de hbs yn Kerkrade en studearre fan 1969 - 1976 bestjoerskunde oan de Katolike Universiteit Nymwegen. Hjirnei wie hy learaar maatskippijlear oan de Bestjoersskoalle yn Gelderlân. Fan 1969 ôf wie Hermans lid fan de VVD. Hy hie ferskate funskjes yn de JOVD, de jongereinorganisaasje fan de VVD. Fan 3 septimber 1974 - 5 septimber 1978 wie hy lid fan de gemeenteried yn Nymwegen. Fan 8 juny 1977 - 24 septimber 1990 wie Hermans lid fan de Twadde Kamer, fan septimber 1988 oant septimber 1990 as ficefraksjefoarsitter. Hermans waard yn 1986 ferslein troch Voorhoeve by de striid om it fraksjefoarsitterskip fan de VVD. Hy late yn 1987-1988 de Parlemintêre enkête nei de Paspoartaffêre.

Hermans ferliet yn 1990 de Twadde Keamer en waard boargemaster fan Swol. Fan 1994 - 1998 wie hy kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân. Syn idee foar in grut folksfeest sette kwea bloed doe't Hermans it ferbûn oan it tema 500 jier sintraal bestjoer yn Fryslân. De festiviteiten gienen lykwols troch ûnder de namme Fryslân 500 en kosten Hermans in soad populariteit yn Fryslân.

Op 31 maart 2008 waard bekendmakke dat Loek Hermans de nije foarsitter wurdt fan it bestjoer fan de Stichting Katolike Universiteit (SKU) yn Nymwegen. Hermans begjint op 23 maaie oan syn nije funksje. Op 1 july 2008 waard hy beneamd ta foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan ûntwikkelingsorganisaasje CARE Nederlân. Hy folge Mohamed Rabbae op, dy't oant dan bestjoersfoarsitter wie.

Hermans wie listlûker foar de VVD by de Earste Keamerferkiezings 2011.

Persoanlik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hermans wie troud. Syn frou stoar yn 2014.[1] Hy hat fjouwer bern. It Twadde Keamerlid Sophie Hermans is in dochter fan him. Hermans wennet yn Beetstersweach. Hermans is in neef fan helpbiskop Alphons Castermans silger.

  1. Vrouw VVD-fractievoorzitter Hermans overleden, De Telegraaf (15 april 2014)