Beetstersweach

Ut Wikipedy
Beetstersweach
Lângoed Lauswolt
Lângoed Lauswolt
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Opsterlân
Sifers
Ynwennertal 3.730 (1 jannewaris 2022)[1]
Oerflak 14,78 km², wêrfan:
- lân: 14,40 km²
- wetter: 0,38 km²
Befolkingsticht. 259 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 3' N 6° 4' E
Lokaasje Beetstersweach yn de gemeente Opsterlân
Lokaasje Beetstersweach yn de gemeente Opsterlân
Offisjele webside
Side Beetstersweach-Olterterp
Kaart
Beetstersweach (Fryslân)
Beetstersweach

Beetstersweach is it haadplak fan de gemeente Opsterlân. It doarp leit súd fan Drachten. Oan de Haadstrjitte steane de bûtenhûzen mei de oertunen fan bekende famyljes, dy't sûnt 1550 de grytmannen fan de gritenij leveren. It doarpsgebiet wurdt troch de A7 midstwa dield en noardlik dêrfan leit it memmedoarp Ald Beets.

Beetstersweach hat 3.730 (1 jannewaris 2022)[2] ynwenners.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei alle gedachten wurdt it plak yn 1315 foar it earst neamd as 'Suagh'. It doarp waard fanút Beets stifte; sweach betsjut 'streek mei greide'. It plak waard yn de rin fan de tiid ferskillend skreaun: Bestra swaegh en Bexterswægh (1502); Betzerswaech, Beetsterswage en Beesterwaege (16e iuw), Beetsterswagh (1664), Beetsterswaagh (1700) en sûnt 1823 Beetsterzwaag.[3]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beetstersweach wie eartiids in foarnaam doarp fanwege har aadlike bewenners. Ek no noch hat it doarp in foarneam karakter; mids bosken en heidefjilden en mei in soad histoaryske huzen en moai oanleine tunen yn de buorren. De buorren binne teminsten trije-en-in-heale iuw âld en de histoaryske gebouwen tsjûgje fan de rike adel yn de 18e en 19e iuw. In foarfaar fan dy aadlike famyljes is Teije Eabels, dy’t yn de earste helte fan de 16e iuw yn Duerswâld wenne. Guon út syn neiteam waarden troch it grutgrûnbesit grytman.

Beetstersweach is in lintdoarp, ûntstien op in sânrêch dy 't fan Ald Beets oer Beetstersweach yn de rjochting Drachten rint. It is fan't westen út, fan Beets ôf, útgroeid ta in delsetting dêr't adel en patrisiaat harren bûtens bouwe lieten. Yn 1622 neamde Pier Winsemius it : een clein dorp in zijn begrijp, tamelyck vruchtbaer, maer verciert met een schone wei behuysde ende bestrate gebuyrte. Yn alle gefallen stienen dêr yn de twadde helte fan de 17e iuw al fjouwer bûtens.

18e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doarpstsjerke

Ein 18e iuw is De Sweach it foarnaamste doarp fan de gritenij en dêr stekt de 'Tegenwoordige Staat van Friesland' de loftrompet oer as it beskriuwt hoe moai it doarp is oanlein mei beammen en strjitten.

Yn 1788 stie de tsjerke al oan de noardkant fan de hjoeddeiske Haadstrjitte. Ek yn Ald Beets stie in tsjerke. De hegerein keas benammen foar dizze kontreien om de rêst en de bosken. Leanen en fersprate boskjes fûn men doe al yn Beetstersweach, mar fan it begjin fan de 18e iuw ôf begûnen de grutgrûnbesitters bosken op de heide oan de plantsjen en mear rendearjende lânderijen oan te lizzen. It doarp ûntjoech him ta in eptich doarp. By de âlde Hearenwei lâns wie yn de kearn sletten bebouwing ûntstien en oan de west- en eastkant stienen de bûtens yn farieard oanleine lânguodden.

19e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe ‘t yn 1804 in nije tsjerke boud wurde koe, kaam dy wer op itselde plak, efter de bebouwing fan de Haadstrjitte. De tsjerke is in kloeke, ienfâldige sealtsjerke, mei in trijesidich koar en in toer mei in achtkantige spits en in liedklok út 1739. Yn de 20e iuw is der in konsistoarje bij oanboud.

Fockensstate

Oan de westkant fan de Haadstrjitte stiet it út 1839 datearjende neoklassisistyske, eardere gritenijhûs dat yn 1909 ferhege is foar it kantongerjocht. Noch westliker stiet Fockensstate, in neitins oan de âldste fêstiging fan de elite. De âlde Fockensstate waard yn 1878 ôfbrutsen om dêrfoar yn it plak in foarein fan in pleats, nei in ûntwerp fan Luitje de Goed, del te setten. Dêr yn ‘e buert is yn 1822 Lyndenstein boud, dat letter in bernesikehûs waard en dêrta yn 1917 ferboud waard. It bûten hie in oertún fan Lucas Roodbaard.

Oan de eastlike flank fan de Haadstrjitte stiet it yn 1824 stichte Lycklamahûs mei in koetshús, dat ferskate kearen feroare is en no diel útmakket fan it gemeentehûs. Ek by dit aadlike hûs hearre tunen; yn de oertún steane kassen út de 19e iuw. Troch de frij sletten lintbebouwing fan de Hoofdstraat ha de útwreidings fan nei de oarloch – earst yn it suden en letter grutskaliger yn it noarden – ferbinings krigen dy ‘t in steech-karakter ha. Sa liket is dat de fariearde bebouwing amper ûnderbrutsen is.

Haadstrjitte

20e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûten de kom fan it doarp lizze, de eastkant út, Harinxmastate, dat noch altyd famyljebesit is, en Huzinge Olterterp, it haadkantoar fan It Fryske Gea. Se lizze, krektlyk as Lauswold yn wrydske parken. Lauswold is in djoer hotel wurden.

Jannewaris 2007 kaam it doarp yn it nijs troch de formaasjebesprekkingen foar it nije kabinet tusken CDA, PvdA en de KristenUny. Jan Peter Balkenende, Wouter Bos en André Rouvoet ûnderhannelen dêr efter tichte doarren op lângoed Lauswolt ûnder lieding fan ynformateur Herman Wijffels.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beetstersweach hat mei Olterterp in pleatselik belang. It doarpshûs is De Buorskip. Ek de bibleteek is dêr ûnderbrocht. De tradisjonele skelnamme foar de ynwenners is "boltsjekappers".[4]

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ontmoetingstsjerke

Skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferieningen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bethlehem

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1954 1959 1964 1969 1973 2005 2015 2020
Ynwenners 1262 1517 1712 2151 2759 3607 2916 3.590
Oertún fan Lyndensteyn

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eveneminten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beetstersweach hat 49 ryksmonuminten en in grut tal states. Ien dy't bot opfalt is Lyndensteyn. It simmerferbliuw fan de famylje Van Lynden út 1821 is letter troch de famylje ûnderbrocht yn de Corneliastifting. Dy stifting, neamd nei de jong ferstoarne Cornelia fan Lynden, moast in fergees sikehûs foar Fryske bern ûnderhâlde. No is it âlde hearehûs in refalidaasjesintrum. Yn Lauswolt sit it ferneamde restaurant 'De Heeren Van Harinxma'. Oare histoaryske gebouwen yn de haadstrjitte binne:

Earrebarren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Beetstersweach, earebarrenêsten oan de Gerdyksterwei (2022)

Beetstersweach hat it grutste oandiel yn de earrebarrepopulaasje fan Fryslân. It doarpsgebiet telt likernôch 50-55 (2022) nêsten. Nei't sûnt 1947 foar it lêst in nêst yn Beetstersweach beset wie, kaam yn 1997 op it plak fan dat lêste nêst foar Harinxmastate oer foar it earst sûnt jierren wer in pearke ta brieden. Dêrnei kamen der stadichoan mear.[5]. De measte nêsten binne te sjen oan de Gerdyksterwei, dy't rjochting Lippenhuzen yn de Sweachsterwei oergiet, mar ek oan de eastlike kant rjochting Olterterp sitte ferskillende nêsten.

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Beetstersweach.

Publikaasje(s)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sib Boersma "De geschiedenis van de adel en andere voorname families in Beetsterzwaag en Olterterp" (2019)
  • Jelle Terluin "Beetsterzwaag, Beets en Olterterp in Historisch Perspectief" (2018)
  • Ronald van Immerseel en Peter Verhoeff "Statig Beetsterzwaag, Parklandschap rond een Fries dorp" (2016)

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gebouwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Byldzjende keunst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Plakken yn de gemeente Opsterlân
Flagge fan de gemeente Opsterlân
Haadplak: Beetstersweach
Doarpen en útbuorrens: BakkefeanFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen: Ald BeetsAllardseach (foar in part) • It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part) • Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Friese plaatsnamen, K.F. Gildemachter, Fryske Akademy nû 1013, ISBN 978 90 330 0643 2
  4. List mei skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker
  5. Sa!, 1 maart 2022