Doarpstsjerke fan Beetstersweach
Appearance
De Doarpstsjerke fan Beetstersweach stiet oan de Van Lyndenlaan.
De Doarpstsjerke is in sealtsjerke út 1804 mei trijesidige koarsluting en in toer mei achtkantige spits. De Tsjerke is in ryksmonumint. De liedklok (1739) is getten troch Cornelis Crans. Yn de 20e iuw waard de konsistoarjekeamer oanboud. Ta it ynterieur hearre in preekstoel út de 17e iuw en twa hearebanken út 1804. It oargel út 1856 is makke troch L. van Dam en Soannen. De tsjerke is yn 1967 restaurearre.
-
Ynterieur mei preekstoel
-
Ynterieur mei oargel
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|