Springe nei ynhâld

Koer (tsjerke)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Koarsluting)
Plattegrûn fan in tsjerke mei dêryn oanjûn it "prysterkoer".

In koer, ek koar of heechkoar is yn de westerske boukeunst de romte fan in tsjerke dêr't it haadalter stiet en dat soms fan it skip ôfskieden is troch in koerstek of in doksaal. Oare nammen dy't brûkt wurde binne it Latynske sanctuarium en presbyterium. Meastal is in tsjerke mei it koer nei it easten rjochte: de rjochting dêr't de sinne opkomt. Dat wurdt oriïntearring neamd. Grutte romaanske tsjerkegebouwen hawwe faak twa koeren: in eastkoer (it prysterkoer) en in westkoer.

In heeechkoer ûnderskiedt him fan in normaal koer, trochdat it troch syn hichte útstekt of ea útstuts boppe it fliernivo fan it middenskip.

It koer is ûntstien út de apsis. De muontsen en harren liturgy krigen in plak bûten de tsjerke fan it kleaster, yn de gewoane parochytsjerken en katedralen. Dy liturgy bestie út it deistige gebed op in oantal fêste mominten, dêr't ek by sjongen waard. De muontsen krigen, fanwege harren bysûndere plak yn de tsjerklike mienskip, ek in bysûnder plak yn it tsjerkegebou. Se krigen in ôfskieden plak by it haadalter. It haadalter waard yn de apsis setten ynstee fan tusken apsis en it skip, yn de krusing of de fiering. De apsis waard ferlinge yn eastlike rjochting en oan de súd- en noardside fan it sa ûntstiene koer waarden koerbanken setten. De muontsen sieten tusken skip en alter yn.

Doe't de tsjerkearsjitektuer him ûntwikkele waard ek mear symbolyk yn de arsjitektuer lein: neist de krúsfoarm fan de tsjerke moast it koer en de apsis mids tolve pylders stean, dy't de tolve apostels symboalisearje. De fjouwer pylders oan de fjouwer hoeken fan de krusing stean foar de fjouwer evangeeljes, Matteüs, Markus, Lukas en Jehannes. It is wenst dat de muontsen elkoar psalmen en hymnen tasjonge, en dêrút is it begryp koar as oantsjutting fan in groep minsken dy't mei-inoar sjonge ûntstien.

In Spanje sit it koer faak op in tribune oan de westside fan de tsjerke; by grutte tsjerkegebouwen is it koer yn it skip boud en dêrfan ôfskieden troch balustraden en stekken. It prysterkoer is dêr dus loskeppele fan it haadalter.