Skip (tsjerke)

Ut Wikipedy

It skip yn in tsjerke is de lange romte, meastentiids fan west nei east, dy't rint oant de koer, it meast eastlike part. By in soad tsjerken is der in dwersskip, of transept, in romte tusken it skip en de koer, sadat der winliken in Latynsk krús ûntstiet. Dêrmei ûntstiet de tradisjonele foarm fan Romaanske en Goatyske krústsjerken. Der binne ferskate manieren wêrop it boukundige begryp skip by tsjerken brûkt wurde kin. It kin de hiele romte betsjutte fan de tsjerketoer oan iene kant en de koer oan de oare kant. It kin ek de romte betsjutte fan allinne it sintrale part tusken de pylders. Dat wurdt ornaris mei it middenskip oantsjutten en dan neamd men de romten bûten de pylders de sydskippen.

Meastal wurde de sydskippen fan it middenskip skaat troch pylders. As de sydskippen like breed en heech binne as it middenskip, wurdt wol fan in halletsjerke sprutsen. In tsjerke sûnder dwers- en sydskippen wurdt sealtsjerke neamd. By tsjerketsjinsten is it skip it plak dêr't de tsjerkegongers sitte.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurdt skip, ornearre foar in part fan in tsjerke, krige syn namme om't dat op in skip liket dat op 'e kop leit. It wurdt skip is in lienfertaling út Gryksk (naos), Latynsk (navis) en Frânsk (nef). Boppedat is der noch in oerdrachtlike betsjutting. Yn de earste iuwen waard foar de tsjerke wol it byld fan in skip brûkt.

Beuk en skip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Nederlânsk is foar it boukundige begryp skip it wurd 'beuk' yn gebrûk rekke. Net yn de betsjutting fan de bûk (beam), mar yn de betsjutting fan de bûk (liif). Wêr't it wurd beuk yn it Frysk earder as hollanisme sjoen waard, is it no as folslein lienwurd yn 'e wurdboeken opnaam. Sa kenne wy yn it Frysk no ek ynplak fan in trijeskips in trijebeukige tsjerke.

Boufoarmen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst Sealtsjerken ienskippich binne, bestean tsjerken faak út in tal parallelle romten, dy't ferskate breedten en hichten hawwe kinne. In Basilyk is in tsjerke, dêr't it middenskip heger fan is as de sydskippen. Dêrby hat it middenskip yn de nei boppen útstekkende romte finsters. By In Halletsjerke binne de skippen like heech, sadat der gjin romte is foar eigen finsters yn it middenskip. Boppedat binne der ek tuskenfoarmen, lykas de Pseudobasilyk en de 'Staffelhalle', wêrby it middenskip (krekt) heger is as de sydskippen, mar dêr't it ferskil gjin romte lit foar finsters yn it middenskip. As muorrepylder-tsjerke wurdt sealbou oantsjutten dêr't de pylders mei de muorren ferbûn binne, sadat de muorren troch de pylders yn stikken ferdield wurde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]