Springe nei ynhâld

Krusing (tsjerke)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Krusing (boukeunst))
Krusing

Mei in krusing (yn 't Nederlânsk ek viering) wurdt yn in tsjerke de romte oantsjut dêr't it haadskip en it dwerskip inoar moetsje. Sa'n krusing wurdt ek wol yntertransept neamd.

De krusing soarget yn tsjerken mei in krúsfoarmige plattegrûn foar in romte tusken it eastlike koer en it westlike skip en de noardlike en súdlike earm fan it dwersskip. In krusing, At it haad- en dwersskip like breed en heech binne wurdt sprutsen fan in echte krusing. Der ûnstiet sa in fjouwerhoekige romte.

Boppe de krusing stiet fakentiden in tuorke foar it angelusklokje. Yn de barokke tiid krige in krústsjerke boppe de krusing fakentiden in koepel.

De tredde tsjerke fan de abdij fan Cluny (1088) hie twa dwersskippen en sadwaande ek twa krusings. Dat type plattegrûn waard letter yn Ingelân tige populêr.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]