Tsjerken yn Fryslân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Tsjerken yn Fryslân jout in oersjoch fan de arsjitektuer fan de tsjerkegebouwen as kultureel erfgoed yn Fryslân.

Romaansk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierste romaanske tsjerken waarden op terpen boud. De tsjerken mei in sealdaktoer waarden oplutsen út dowestien dat út de Eifel oanfierd waard. Inkele tsjerken waarden letter wizige of útwreide.

Letter waarden de tsjerken boud fan kleastermoppen (reade bakstiennen). Tsjerken binne û.o. te finen yn: Ealsum, Boer, Boazum, Britsum, Dearsum, Jistrum, Eksmoarre, Feinsum, Foudgum, Hantum, Hichtum, Húns, Hijum, Jelsum, Rinsumageast, Stiens, Surhuzum en Swichum.

Romanogotyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Romanogotyske tsjerken stean û.o. yn: Burgum, Hantumhuzen en Wurdum.

Gotyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gotyk yn Fryslân skaaimerket him by doarpstsjerken troch it faak fêsthâlden oan it ienbeukige skip en de sealdaktoer út de romaanske perioade. Sa'n toer hat ek, as ienige stêdstsjerke, de Martinytsjerke yn Boalsert. Oare gotyske stêdstsjerken binne de Martinytsjerke yn Frjentsjer, de Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert en de Sint-Gertrudistsjerke yn Warkum. Fan belang is ek de Aldehou yn Ljouwert, de toer fan de fierder ferdûne Sint-Vitustsjerke. Der binne û.o. gotyske doarpstsjerken te finen yn Blessum, Boksum, Stynsgea, Kollum, Stiens, Ferwert en Minnertsgea.

Renêssânse[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerken út de 16e iuw

Klassisisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerken út de 18e iuw

Neoklassisisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjerken út de 18e en de earste helte fan de 19e iuw.

Neogotyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neogotyske tsjerken yn Fryslân binne boud yn de twadde helte fan de njoggentjinde en begjin tweintichste iuw.

Kultureel erfgoed[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Erfgoed St. Alde Fryske Tsjerken.JPG

Stifting Alde Fryske Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om de tsjerken as kultureel erfgoed te behoedzjen foar ferfal en sloop waard yn 1970 de stifting Alde Fryske Tsjerken oprjchte. Dizze stifting is no eigener fan 34 tsjerken en twa klokkestuollen yn Fryslân.

Tsjerkepaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vlag Tsjerkepaad 02c.JPG

Sûnt in oantal jierren organisearret de Rie fan Tsjerken en it Protestantsk Tsjinstensintrum yn Fryslân Tsjerkepaad. Yn de moannen july, augustus en septimber wurden op sneonen hûndert tsjerken iepensteld. De dielnimmende tsjerken binne werom te kennen oan de Tsjerkepaadflagge.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: