Willem van Schaik

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Willem van Schaik, selsportret

Willem Henri van Schaik (Beetstersweach, 8 augustus 1874 - Blaricum, 8 april 1938) wie in Nederlânsk keunstskilder. Hy wurdt rekkene ta de Larenske Skoalle.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Willem van Schaik wie in broer fan Hugo van Schaik, letter keunsthanneler yn Beetstersweach en ek skilder. Beide studearren oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach, ûnder Christoffel Bisschop. Willem learde letter fierder by Constant Gabriël, dy't him bot beynfloede hat.

Van Schaik wenne yn it begjin fan syn karriêre yn De Haach en wurke faak yn Skeveningen. Tusken 1903 en 1907 hold er yn Ingelân ta en dêrnei ferfear er nei Hilversum. Fan 1916 ôf oan wenne wurke er yn Blaricum, yn in steatlik hûs oan de Huizerwei, dêr't er ek eksposearre. Hy socht oansluting by de skilders fan de Larenske skoalle en skildere benammen doarpsgesichten, lânskippen, iggen mei wetters, Blaricumske buorkerijkes, polderlânskippen en hynders. Teffens makke er faak karikaturen en waard er bekend mei syn anty-oarlochskilderijen.

Van Schaik wie lid fan 'Arti et Amicitiae' en fan de feriening fan Byldzjende Keunst 'Laren-Blaricum'. Hy stoar yn 1938 mei 63 jier.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Karikaturen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Truus Gubbels, Kees Keijer, Adrienne Quarles van Ufford: Couleur Locale, kunstcollecties van de BEL-gemeenten. Blaricum, Eemnes, Laren, (Blaricum/Laren), 2009. ISBN 978-90-72853-18-9
  • Tijdgenoten, getekend met lijnen door Willem van Schaik, met woorden door Mr. E. Elias. Amsterdam, Andries Blitz, 1937. Gjin ISBN

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Willem van Schaïk fan Wikimedia Commons.