Bouwe Kalma
Bouwe Dirk Kalma (Beetstersweach, 2 maaie 1924 - Rotterdam, 25 juny 2011) wie haadynspekteur by de gemeenteplysje fan Rotterdam en politikus út namme fan de Pasifistysk Sosjalistyske Partij (PSP).[1]
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kalma kaam út in predikantehúshâlding. Yn de Twadde Wrâldoarloch siet er yn it ferset. Yn 1946 naam er tsjinst by de Rotterdamske plysje. Yn de jierren santich wied er haadynspekteur fan de jeugd- en sedeplysje yn Rotterdam. Yn de jierren fyftich wie Kalma oanhinger fan de saneamde tredde wei yn de fredesbeweging en waard lid fan de PSP. Foar de PSP kaam er yn de Rijnmondried.
Kalma kaam lanlik yn it nijs doe 't er meidie oan in demonstraasje by it Rotterdamske konsulaat fan de Bûnsrepublyk Dútslân nei oanlieding fan de selsmoard fan de RAF-leden Andreas Baader, Gudrun Ensslin en Jan-Carl Raspe op 18 oktober 1977. De slogan fan dy demonstraasje wie Hun strijd, onze strijd. Internationale solidariteit! fan de Fjirde Ynternasjonale. It meidwaan oan de solidariteitsdemonstraaje mei de RAF kaam Kalma binnen en bûten de plysje op swiere krityk te stean: noch gjin moanne earder wie de Utertske brigadier Arie Kranenburg troch RAF-lid Knut Folkerts deasketten. Hoewol 't prokureur-generaal Van der Feltz oantrune op ûntslach waard Kalma troch boargemaster Van der Louw allinnich mar beskrobbe. In jier letter stapte Kalma dochs noch op by de Rotterdamske plysje.[2]
Yn 1979 wie Kalma listlûker foar de PSP foar de Europeeske Parlemintsferkiezingen fan 1979. De PSP helle doe gjin sitten.
Bouwe Kalma wie de heit fan Paul Kalma, dy't lid wie fan de Twadde Keamer foar de PfdA.[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Frysk plysjeman
- Frysk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
- Frysk politikus
- Frysk sosjalist
- Frysk pasifist
- Nederlânsk plysjeman
- Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk sosjalist
- Nederlânsk pasifist
- PSP-politikus
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Beetstersweach
- Persoan berne yn 1924
- Persoan stoarn yn 2011