Springe nei ynhâld

Rotterdam (gemeente)

Ut Wikipedy
Gemeente Rotterdam
Flagge fan de gemeente Rotterdam        Wapen fan de gemeente Rotterdam
(Flagge fan Rotterdam) (Wapen fan Rotterdam)
Lokaasje fan de gemeente Rotterdam
Provinsje Súd-Hollân
Boargemaster Ahmed Aboutaleb (PvdA)
Haadplak Rotterdam
Oerflak 319 km²
Ynwenners 625.472 (2.986/km²)
Ferkearsieren A4, A12, A13, A15, A16, A20, N207, N228
Netnûmer 010 , 0174 (Hoek fan Hollân) , 0181 (Roazenburch)
Postkoades 3000-3090
Offisjeel webstee www.rotterdam.nl
Rotterdam en it Hôf fan Weena om 1340 hinne.
Dizze side giet oer de gemeente Rotterdam. Foar de stêd Rotterdam, sjoch: Rotterdam.

Rotterdam is in stêd en gemeente oan de mûning fan de Ryn yn de provinsje Súd-Hollân. De stêd hat pas yn 1340 stedsrjochten krigen.

Rotterdam is ien fan de stêden fan de Rânestêd. Nei ynwennertal is it, nei Amsterdam, de twadde stêd fan Nederlân.

Rotterdam leit dêr't de Lek en de Noard tegearre de Nije Maas foarmje, dy’t streamôf nei Rotterdam oer de Nije Wetterwei yn de Noardsee útkomt.

Yn de twadde helte fan de 13e iuw ûntstie der in delsetting. It stee krige yn 1340 stedsrjochten fan greve Willem VI en tastimming fan him om in kanaal te graven fan de Skie ôf nei de kuststripe. De bewenners libbe fan de fiskfangst en de oerslach fan guod, ek kaam de skipsbou opsetten. Nei de ynfal fan Boussu (1572) ûnder de wettergeuzenopstân, wêrnei Rotterdam de kant fan de prins keas, bloeide benammen de oerseeske frachtfeart.

Fan de 16e iuw oant de 18e iuw wie der ierdewurkyndustry, dêrnei kamen oare yndustryen opsetten. Fral troch de komst fan stoomfeart (Nederlandsche Stoombootmaatschappij) om 1925 hinne gie it hurd mei de ekonomyske groei fan Rotterdam, al libbe in grut part fan de befolking yn tige minne omstandigens (golera-epidemyen)

Op 14 maaie 1940 waard de binnenstêd ferwoaste troch in Dútsk bombardemint. Nei de oarloch ûntwikkele de Nije Wetterwei him ta it grutste havensintrum fan de wrâld.

Wiken en buorren fan de gemeente Rotterdam

De gemeente Rotterdam bestiet út fjirtjin stedskertieren dy't elts in eigen gebietskommisje hawwe. De havengebieten falle streekrjocht ûnder de gemeente. De stedskertieren binne:

Topografyske Gemeentekaart fan de gemeente Rotterdam
Wenplak Ynwenners 2019 Ynwenners 2010
Rotterdam 581.750 544.530
Hoogvliet 34.950 34.210
Rozenburg 12.510 12.495
Hoek fan Hollân 10.360 9520
Pernis 4850 4790
Gemeenteriedsferkiezings
persintaazjes sitten
Partij ·2002· ·2006· ·2010· ·2014· ·2018· ·2002· ·2006· ·2010· ·2014· ·2018· ·2022·
Leefbaar Rotterdam 34,7 29,7 28,6 27,5 20,50 17 (11) 14 14 14 (13) 11 10
VVD 9,8 6,2 9,6 7,5 10,68 4 3 4 3 5 6
D66 5,1 2,2 9,3 12,7 9,93 2 1 4 6 (5) 5 5
GroenLinks 6,5 4,3 7,3 4,9 9,84 3 (2) 2 3 2 5 5
PvdA 22,4 37,4 28,9 15,8 9,65 11 (10) 18 14 8 5 4
DENK - - - - 7,35 - - - - 4 4
Volt - - - - 5,2 - - - - - 2
PVV - - - - 3,53 - - - - 1 2
PvdD - - - 2,5 3,51 - - - 1 1 2
SP 4,0 6,6 5,6 10,5 4,93 1 3 2 5 2 1
CDA 11,3 7,7 6,7 5,9 4,66 5 3 3 3 2 1
50PLUS - - - - 3,19 - - - - 1 1
NIDA - - - 4,8 5,37 - - - 2 (3) 2 -
ChristenUnie/SGP 2,7 2,4 3,0 3,2 3,01 1 1 1 1 1 -
Stadspartij Rotterdam 2,5 1,0 - - - 1 0 - - - -
Oare 1,0 2,5 1,1 4,6 3,84 0 (8) 0 0 0 (1) 0 -
Opkomst 54,8 57,8 46,0 45,1 46,69
Totaal tal sitten 45 45 45 45 45 45

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Offisjele webstee fan de gemeente Rotterdam


Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht
· · Berjocht bewurkje