Nije Maas

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lokaasje fan de Nije Maas yn Nederlân

De Nije Maas is in rivier yn Súd-Hollân. De stêden Rotterdam, Skiedam en Flaardingen lizze oan dit wetter. De Nije Maas begjint by Slikkerveer dêr't er ûnstiet út de gearrin fan de Noard en Lek. Dêrnei streamt er troch it stedske gebiet fan Rotterdam om oer te gean yn 'e Nije Wetterwei. Oan de Nije Maas lizze fanâlds in tal havens, mar hjoed de dei is de measte hannel ferskood nei de Nije Wetterwei en oare wettergongen (Calandkanaal, Hartelkanaal, ensfh).


Detailkaart Nije Maas