Slikkerveer
| Slikkerveer | ||
| Huys te Woude | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Provinsje | ||
| Gemeente | Ridderkerk | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 9.314 (2026)[1] | |
| Oerflak | 2,68 km², wêrfan wetter: 0,35 km² | |
| Oar | ||
| Postkoade | 2981–2988 | |
| Netnûmer | 0180 | |
| Offisjele webside | ||
| sws-slikkerveer.nl | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| Slikkerveer yn 'e gemeente Ridderkerk | ||
Slikkerveer is in plak yn 'e gemeente Ridderkerk yn 'e Nederlânske provinsje Súd-Hollân. It doarp hat 9.314 ynwenners (2026) en leit súdlik fan 'e gearfoeging fan 'e rivieren de Noard en de Lek yn 'e Nije Maas op it eilân IJsselmonde.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Slikkerveer ûntstie yn 'e 15e iuw as dykdoarp en in selsstannige delsetting. Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw krige it doarp skipsbou en elektrotechnyske yndustry. Nei de Twadde Wrâldkriich groeide Slikkerveer oan Ridderkerk fêst.
Ruïne Huys te Woude
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1371 sette Willem fan den Woude útein mei de bou fan in kastiel yn 'e polder Riederwaard. Troch oerstreamings rekke it yn it ferfal, mar yn 1418 waard der begûn mei de restauraasje fan 'e restanten en waarden der muorren oplutsen. Yn itselde jier, yn 'e tiid fan 'e Hoekske en Kabbeljauske Tsierderijen, waarden de muorren wer omlutsen en ferdwûnen se yn de grêft. Troch de Sint-Elisabethsfloed yn 1421 waard de ruïne oerspield en ferdwûn dy ûnder de dridze. It kastiel is nea foltôge en hat nea bewenne west.
Troch ûndersyk waarden yn 1968 spoaren fan it kastiel weromfûn oan 'e Ringdyk. Yn 1969 binne de resten fan it Hûs te Woude sa goed mooglik restaurearre en wer sichtber makke. Ek in diel fan 'e oarspronklike bredere grêft kaam wer foar it ljocht.
Werven
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 19e en 20e iuw wiene der by de rivieren langs ferskate skipsbouwbedriuwen. It grutste diel fan 'e manlike ynwenners wurke by ien fan dizze bedriuwen. Oan 'e ein fan 'e 20e iuw sluten in soad werven de poarten. Op dizze skipsbouwlokaasjes binne no faak wengebieten of oare yndustryterreinen oanlein.
Pleats
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It boerespul oan 'e Benedenrijweg 67 hat in bysûndere monumintale wearde. De pleats waard, nei't er yn 1947 ôfbaarnde, wer yn 'e oarspronklike steat wersteld. Ferskate eigners krigen fan healwei de jierren 1990 spul mei it kolleezje en de gemeentlike monumintekommisje. In diel fan 'e finsters, dy't yn 1998 sûnder tastimming oanbrocht waarden yn it reiden tek fan 'e pleats, moast wer ferwidere wurde. Ek de Rykstsjinst foar Monumintesoarch bemuoide him der mei. Yn 2017 waard it kompleks werombrocht nei de steat fan 2001, om't ferskate ferbouwings net neffens de fergunning ferrûn wiene
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
