Werkendam

Ut Wikipedy
Werkendam
Fêstingwurk
Fêstingwurk
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Noard-Brabân
gemeente Altena
Sifers
Ynwennertal 11.280 (2022) [1]
Oerflak 62,89 km²
lân: 46,29
wetter: 16,59 km²
Befolkingsticht. 75 ynw./km²
Stêdekloft 244
Oar
Koördinaten 51° 48' N 4° 53' E
Kaart
Werkendam (Noard-Brabân)
Werkendam

Werkendam is in doarp yn 'e gemeente Altena yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân. It leit súdlik fan it plak dêr't de Boppe-Merwede yn de Nije Merwede en Under-Merwede spjaltet. De kearn fan Werkendam hie yn 2021 11.215 ynwenners.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Werkendam hinget nei alle gedachten gear mei it ôfdamjen fan it eardere rivierke de Werken, dat om 1230 hinne barde. De namme Werken kin ferwize nei it flechtwurk fan wylgetiennen foar de fiskerij.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar it ôfdamjen fan it rivierke Werken bestie der al in delsetting, dat yn 1064 foar it earst neamd waard as 'Wirkenemunde'.

In bekend barren is de brân fan 1641 yn it doe al protestantsk-kristlike doarp, wêrby't 81 huzen fan it doarp ôfbaarnden. Njonken doarpsbrannen hie Werkendam yn de 17e iuw in soad lêst fan de pest en dat it lân ûnder wetter strûpte. Yn 1812 teagen Kozakken troch Werkendam, nei't hja by Hardinxveld de Merwede oerstutsen wiene.

Biisboskslús

Eartiids libbe de befolking fan de rivier. Skippers en fiskers fûnen der harren bestean en letter wurken ek in soad manlju yn de De Biisbosk om dêr wylgetiennen te snijen. Dat levere it doarp de bynamme "Frouljushimel" op, om 't de manlju de hiele wike yn 'e De Biisbosk bleaune. Oan't de 20e iuw wie Werkendam in wier doalhôf fan wetterwegen en kanalen, dy't hjoed-de-dei hast allegear tichtsmiten binne.

Yn 1945 rekken yn't lêst fan de Twadde Wrâldkriich nochal wat gebouwen skeind. By de wetterramp fan 1953 stie ek in part fan Werkendam ûnder wetter. Dochs binne in soad Werkendammers as betûfte dykbouwers nei Seelân stjoerd om dêr de diken ôf te sluten. Werkendam hat op it mêd fan dyk- en wetterwurken in poerbêste namme opboud.

Gemeente[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaart fan de eardere gemeente Werkendam

Oant Werkendam yn 1950 gearfoege waard mei de gemeente De Werken en Sleeuwijk wie Werkendam in selsstannige gemeente, dêr't ek it buorskip Kille by hearde. Yn 1973 kaam ek it doarp Nieuwendijk by de gemeente Werkendam. Yn 1997 fusearren de gemeente Werkendam mei de gemeente Dussen ta de gemeente Werkendam, dy't yn 2019 opgie yn 'e gemeente Altena.

Tsjerklik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutte mearderheid fan de ynwenners fan Werkendam is protestantsk en it doarp is njonken de herfoarme tsjerke ryk oan oare tsjerkemienskippen mei in otterdoks-protestantske ynslach.

De rjochtsinnigens fan it protestantisme yn Werkendam bloeide fral yn de 19e iuw op. Mei de beneaming fan de protestantsk-otterdokse boargemaster Hendrik Gay krigen de tsjerken in meistanner yn it handhavenjen fan de sneinsrêst. Under de boargemaster waard it drankgebrûk oanpakt en moasten kafee's tenei op snein ticht. Noch jimmeroan kin de sneinsrêst in punt fan strideraasje wêze: yn 2010 fersette bygelyks de lokale SGP, fierwei de grutste partij yn Werkendam (2023), him tsjin it farren fan de nije oerset op snein.

Mar nettsjinsteande it strang protestantske karakter fan it plak joech de beneaming yn 2009 fan de katolike Carla Breuer-Blekkink as boargemaster fan Werkendam doe gjin swierrichheden.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vervoorne Mûne
  • De herfoarme tsjerke (Kerkstraat) út 1951 is in krúsfoarmige bakstiennen tsjerke fan de arsjitekten Chr. Nielsen en J.H.C Spruit. De tsjerke ferfong de yn 1944 fernielde 15e-iuwske tsjerke. It oargel út 1953 waard troch it bedriuw Willem van Leeuwen út Leiderdorp boud.
  • Om Werkendam lizze ferskillende dielen fan de Nije Hollânske Wetterline: Fort aan de Uppelse Dijk (1847), Werk aan de Bakkerskil (Schenkeldijk, 1878), Fort bij het Steurgat (1878), Waterliniepad.
  • De Poldermûne Vervoorne Molen datearret fan 1700.
  • It Notarishûs (Hoogstraat 38) hat tusken 1925 en 1978 tsjinst dien as gemeentehûs fan de gemeente Werkendam.
  • It Joadsk begraafplak (Voorste Vliet) waard yn 1850 oanlein en tsjûget fan de lytske joadske mienskip yn Werkendam. Ta neitins oan de joadske slachtoffers yn 'e Twadde Wrâldkriich hat it doarp in monumint by it gemeentehûs en binne der stroffelstiennen lein.
  • Op it kriichsmonumint fan Werkendam steane de nammen fan ynwenners dy't omkommen binne yn de Twadde Wrâldkriich en yn Nederlânsk-Ynje. Fuort by it kriichsmonumint stiet ek it monumint De Line-Crosser, in monumint foar de twa fersetmannen Arie van Driel en Kees van de Sande, dy't op 30 april 1945 fusilearre binne.

Musea[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Werkendam