Ofspjalting
Appearance
(Trochferwiisd fan Ôfspjalting)
In ôfspjalting of ôftakking is in rivier dy't him ôfspjalt fan in oare rivier: de haadrivier. At in ôfspjalting nei in eigen mûning yn see streamt, en in eigen streamgebiet hat, wurdt sprutsen fan in bifurkaasje. Ofspjaltings kinne lykwols fierderop ek wer gearrinne en wurde dan, alteast yn de ûnderrin, ek wol rivierearmen neamd, en it lân der tuskenyn wurde riviereilannen neamd. Ofspjaltings binne gauris part fan riviersystemen of frisseljende rivieren (boppestream), mar benammen fan rivierdelta's (ûnderstream). In ôfspjalting dy't wer yn in oare rivier streamt, foarmet in sydrivier. In ôfspjalting kin ek ûntstean at in rivier in mar yn streamt en as dêr wer twa rivieren út streame. By in bifurkaasjemar is wetterskieding slim te bepalen.
Foarbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Afrika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- de Rosetta en Damietta binne de iennige oerbleaune ôftakkings fan de Nyl yn de Nijldelta
- de Okavango spjalt him yn in soad mûningsearmen yn de Okavangodelta
Aazje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- de Kollidam spjalt ôf fan de Kaveri
- de Hooghly spjalt ôf fan de Ganges
- de Munneru spjalt ôf fan de Krisjna
Jeropa
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- de Isel, Waal en Nederryn bifursearje fan de Ryn yn de Ryn-Maas-Skeldedelta.
- de Achtûba bifursearret fan de Wolga flak foar de mûning yn de Wolgadelta
- de Nerodimka yn Kosovo spjalt him yn twa rivieren ôf dêr' de iene yn de Sitnica streamt dy't útmûnet yn de Egeyske See en de oare yn de Lepenac streamt dy't oer de Vardar yn de Swarte See steaomt
- de Tärendörivier spalt ôf fan de Torne älv en streamt fierderop wer gear mei de Kalixälven
- de Lyse Donau spjalt ôf fan de Donau en streamt del yn de Váh, dy' fierderop wer in sydrivier fan de Donau foarmet
Noard- en Súd-Amearika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- de Atchafalaya spjalt ôf fan de Mississippi
- de Casiquiare (grutste bifurkaasje yn 'e wrâld) spjalt ôf fan de Orinoco en streamt del yn de Rio Negro