Skiedam
Skiedam Schiedam | ||
Sintrum fan Skiedam mei Zakdragershuisje | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Súd-Hollân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 81.930 (1 jannewaris 2024)[1] | |
Oerflak | 19,89 km², 18,10 km² län, 1,79 km² | |
Befolkingsticht. | 4.475 / km² | |
Stêdekloft | Rijnmond | |
Oar | ||
Stifting | 1275 | |
Ferkearsieren | A4 A20 Spoar fan Amsterdam nei Rotterdam | |
Postkoade | 3100 - 3125 | |
Netnûmer | 010 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 55' NB, 4° 23' EL | |
Lokaasje gemeente Skiedam yn Súd-Hollân | ||
Offisjele webside | ||
www.schiedam.nl | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Gemeentekaart fan Skiedam |
Skiedam[2] (Nederlânsk en offisjeel: Schiedam) is in stêd en in gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân.
De gemeente leit ynklamme tusken Rotterdam en Flaardingen. It leit oan de Skiedamske Skie en de Nije Maas. Op 1 jannewaris 2024 wennen der 81.930 minsken yn de gemeente. De stêd is benammen ferneamd om syn jenever, de histoaryske binnenstêd mei de grêften. Ek steane yn Skiedam de heechste wynmûnen fan de wrâld.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Skiedam ûntstie lykas Rotterdam oan de mûning fan in rivier, de Skie. Om 1250 hinne waard de Skie ôfdamme om de polders foar it seewetter te beskermjen. Om de daam hinne ûntstienen hannelsaktiviteiten omdat it guod dat oanfierd waard mei skippen oerladen wurde moast. In lytse doarpke ûntstie sa om de daam hinne.
Yn 1275 krige Skiedam stedsrjochten fan Aleida van Avesnes, de suster fan Willem II fan Hollân.
De achttjinde iuw wie de Gouden Iuw foar Skiedam fanwegen it opkommen fan de Skiedamske jeneverstokerij. Ut ferskate stokerijen en destillearderijen wei waard de Skiedamske jenever oer gâns de wrâld eksportearre. Troch de jeneveryndustry krige Skiedam de bynammen "Swart Nazaret". Hjoed-de-dei is dy berdiuwstûke foar it grutste part ferdwùn, dochs bepale seis mûnen noch hieltyd it stedsbyld: De Walvisch, De Drie Koornbloemen, De Vrijheid,De Noord, De Palmboom, de yn 2008 boude Noletmolen en de yn 2011 fannijs boude mûne De Kameel, ien fan de heechste mûnen yn 'e wrâld. Ek docht in grut tal fan de eardere stokerijen weromtinken oan de stokerstriid. Yn ien fan dy stokerijen is sûnt 1996 it Jenevermuseum yn fêstige.
Op 4 maaie 1976 kaam Skiedam yn it nijs omreden de Treinramp by Skiedam.
Yn 2009 waard de yntocht fan Sinteklaas yn Skiedam hâlden.
Populaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Populaasje ûntwukkeling fan Skiedam sûnt 1983[3]:
Wykyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Skiedam bestiet út ferskate wenwyken:
|
Ek binne der noch twa buorskippen:
|
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Museums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It Steedlik Museum Skiedam
- It Jenevermuseum.
- Museummûne De Nieuwe Palmboom
- Nasjonale Koöperaasje Musem Skiedam
Monuminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Eardere stedshûs
- Grutte of Sint Janstsjerke
- De ruïne fan Hús te Riviere
- Lidwinabasilyk
- De grêften fan Skiedam
- Nôtbeurs
- Haventsjerke
- Histoarysk stêdsgesicht
Mûnen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berne yn Skiedam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Maarten Biesheuvel, (23 maaie 1939), skriuwer
- Ton van Duinhoven (12 maaie 1921 - 26 augustus 2010), sjoernalist, akteur en tekstskriuwer
- Martin Gaus (25 desimber 1944), honkballer, publisist en telefyzjemakker
- Herman Heinsbroek (12 jannewaris 1951), sakeman en politikus
- Danny Koevermans (1 novimber 1978), fuotballer
- Robert Maaskant (10 jannewaris 1969), fuotballer en fuotbaltrener
- Wim Meuldijk (8 juny 1922 - 27 desimber 2007), skriuwer en ûnder oare betinke fan Pipo de Clown
- Pieter van Vollenhoven (30 april 1939), man fan prinses Margriet
- John de Wolf (10 desimber 1962), fuotballer
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gemeenteargyf fan Skiedam
- Hiemside fan de Histoaryske Feriening Skiedam
- Steedlik Museum Skiedam
- Evenemintenside Skiedam
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Súd-Hollân | |
---|---|
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht | |
· · |