Ton van Duinhoven
Antonius Mechel (Ton) van Duinhoven (Skiedam, 12 maaie 1921 - Amsterdam, 26 augustus 2010) wie in Nederlânsk sjoernalist, akteur en tekstskriuwer.
Van Duinhoven begûn op de sportredaksje fan Het Parool. Yn 1948 stie er foar it earst op de planken yn it sjoernalistenkabaret De Inktvis, dêr't ek Annie M.G. Schmidt en Simon Carmiggelt oan meidienen. Dêrnei waard er beropskabaretier yn it ABC Cabaret fan Wim Kan en Corry Vonk.
Van Duinhoven die in protte ferskillend wurk; hy trede op foar radio en telefyzje, wie te sjen op toaniel en yn films, en yn 1960 makke er as sjonger diel út fan de Nederlânske ekyp op it Knokke Festival, mei Rita Reys, Corry Brokken, Teddy Scholten en Willy Alberti. Syn konferênses waarden op plaat útbrocht.
Ton van Duinhoven waard bekend by it grutte publyk troch syn optreden yn it programma Hadimassa, neist Annemarie Oster, Kees van Kooten en Wim de Bie, en it skeppen fan types dy't lang by minsken yn it ûnthâld bleaunen. Sa as dy yn de reklamespots fan Jamin, de Feyenoord-suppoast Crooswijk dy't altyd en ivich in min sin hie en typkes dy't er makke foar de "Van Speykshow" fan de KRO. Syn lêste grutte rol wie dy fan Ronald Reagan yn de VPRO-rige "Reagan – let’s finish the job."
Ton van Duinhoven troude yn 1960 mei de aktrise Ina van Faassen.