Springe nei ynhâld

Treinramp by Skiedam

Ut Wikipedy
Treinramp by Skiedam
In stoptrein botste tsjin in ynternasjonale D-trein yn de moarntiid fan 4 maaie 1976 by Skiedam.
In stoptrein botste tsjin in ynternasjonale D-trein
yn de moarntiid fan 4 maaie 1976 by Skiedam.
bysûnderheden
type ramp treinramp
subtype Frontale botsing
oarsaak Flater fan de haadkondukteur en
de masinist fan trein 4116,
en it ûntbrekken fan ATB
datum 4 maaie 1976
tiid 7.54 oere
lân Nederlân
provinsje Súd-Hollân
plak Skiedam
statistiken
deaden 24
ferwûnen 5 swierferwûnen
lokaasje
Treinramp by Skiedam (Nederlân)
Treinramp by Skiedam
Lokaasje fan 'e treinramp yn Nederlân.

De treinramp by Skiedam barde op tiisdei 4 maaie 1976 om 7.54 oere yn de buert fan Stasjon Skiedam-Rotterdam West (hjoed de dei Skiedam Sintrum) By de botsing wiene twa stoptreinen en ien ynternasjonale trein belútsen. By de botsing kamen 24 passazjiers om it libben, en rekken fiif passazjiers swierferwûne en inkelde tsientallen rekken lichtferwûne.

Belutsen treinen en omstannichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de ramp wiene trije treinen belutsen:

  • Stoptrein 4116, ûnderweis fan Stasjon Rotterdam Sintraal nei Hoek fan Hollân. Dy bestiet út twa treinstellen fan it type SGM. Elts treinstel bestiet út twa rydtugen.
  • Stoptrein 4125, ûnderweis fan Hoek fan Hollân nei Rotterdam. Dizze trein bestiet út twa treinstellen fan it type Plan V. Elts treinstel bestiet út twa rydtugen.
  • D-trein 215, ûnderweis fan Hoek fan Hollân nei München. Dy bestiet út in lokomotyf fan de searje 1300 mei in tal rydtugen.

Yn de jierren 70 rieden neffens de tsjinstregeling tusken Rotterdam en Hoek fan Hollân de hiele dei allinne stoptreinen, dy't op de ticht efterinoar lizzende stasjons stopten. Dêrneist ried alle moarnen in ynternasjonale trein in saneamde D-trein út Hoek fan Hollân wei nei München. Dizze D-trein hie yn Hoek fan Hollân in oanslúting op de boat út Harwich.

Om foar te kommen dat de D-trein stadich efter in stoptrein ride moast wie der yn de tsjinstregeling in rûte ynsteld wêrmei't de D-trein de stoptrein op it linker spoar ynhelje koe wylst de stoptrein stoppe op stasjon Skiedam Nijlân.Nei stasjon Flaardingen Sintrum waard de D-trein oer it linker spoar laat en flak foar stasjon Skiedam-Rotterdam West wer werom nei it rjochter spoar. Dat betsjutte dat op dat trajekt gjin trein út Rotterdam wei nei Hoek fan Hollân ta oer dat spoar ride kinne soe.

Op 4 maaie 1976 hie D-trein 215 inkelde minuten fertraging oprûn. Dochs waard besletten om de stoptrein 4125 yn te heljen fia de gebrûklike metoade. Wylst de stoptrein fertrage om't der in giel sein toand waard, kaam de D-trein 215 mei sa'n 40 km/o op it linker spoar foarby. Op dat stuit kaam nút tsjinoerstelde rjochting stoptrein 4116 oanriden op itselde spoar. In frontale botsing wie it gefolch. Stoptrein 4125 waard dêrby sydlings rekke troch de 4116.

De oarsaak fan de ramp wie nei alle gedachten in minsklike flater. De kondukteur fan stoptrein 4116 waard ôflaat troch in reizger dy't treuzele by it ynstappen. Dêrnei joech de kondukteur it fertrekbefel sûnder te letten op it útrydsein of it fertrekljocht. Dy seinen toanden hast altyd feilich, mar yn dit gefal net, trochdat de wat fertrage D-trein it spoar beset hold. De masinist fertroude wierskynlik op de opmerksumens fan de kondukteur: hy miste ek it reade sein.

It lichte treinstel fan it type SGM botste mei flinke snelheid frontaal tsjin de swiere lokomotyf fan de D-trein. Yn it foarste rydtúch fan de stoptrein foelen alle deaden en swierferwûnen. De masinist fan de D-trein koe op tiid út syn lokomotyf springe en oerlibbe de ramp.

tinkteken ta neitins oan de ramp

Nei de ramp waard daalks besletten om de D-treinen net mear ynhelje te litten oer it linker spoar. De D-treinen soene tenei efter de stoptrein riden bliuwe en hjirtroch letter oankomme yn Rotterdam. Dêrneist waard der faasje makke mei de oanlis fan it ATB-systeem op trajekten dêr't dit noch net oanwêzich wie, om in fergelykjende rampen foar te kommen.

It treinstel 2008 fan it type Sprinter (SGM) wie koart tefoaren nij yn tsjinst steld. Letter boude de Waggonfabrik Talbot in nije bak om de ferwoaste bak te ferfangen. De lokomotyf fan de D-trein, de NS 1311, kaam nettsjinsteande de grutte skea in jier letter wer yn tsjinst.

Op 4 maaie 2019 is op stasjon Skiedam Nijlân in tinkteken pleatst ta neitins oan dizze ramp. It tinkteken is makke troch de keunstner Marc Vleugels.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: