De Nolet

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Nolet
Voorhaven, Schiedam-8219.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag Zuid-Holland.svg Súd-Hollân
plak Coat of arms of Schiedam 2.svg Schiedam
adres Hoofdstraat 8
bysûnderheden
type bouwurk Moutmûne
boujier 2005-2006
monumintale status gemeentlik monumint
webside Side fan De Nolet

De Nolet is de heechste wynmûne fan 'e wrâld. De mûne stiet oan de Hoofdstraat yn Skiedam en waard yn 2005 boud troch de firma Nolet Distillery. It bedriuw is sûnt 1691 yn Skiedam fêstige en yn it ramt fan in grutte ferbouwing en útwreiding liet dy de mûne wer opbouwe. Njonken it opwekken fan elektrisiteit tsjinnet de mûne ek as represintatyf gebou. Yn de mûne is boppedat in ûntfangstromte en in romte om gearkomsten te hâlden. Yn maaie 2006 waard de mûne iepene.

Yn de 19e iuw besiet Schiedam 24 hege stellingmûnen om nôt te meallen foar de jeneverstokerijen. Yn de rin fan de tiid ferdwûnen de measten en lang om let bleaune der mar fjouwer komplete mûnen oer. Yn de jierren 1990 waard as fyfte mûne De Palmboom ta in komplete mûne restaurearre en yn de jierren 2006 en 2011 folge de rekonstruksje fan De Nolet en De Kameel, sadat de stêd tsjintwurdich wer sân hege rûne stellingmûnen telt.

De mûne hat in tradisjoneel uterlik. De wjukken dogge tinken oan it systeem Dekker, mar binne spesjaal ûnwikkele mei in aërodynamysk profyl. Der komt gjin mûnder by te sjen om de mûne oan it wurk te setten; de turbine yn de mûne wurket hielendal automatysk. De sturt en de stelling fan de mûne is allinne om it mûne syn tradisjonele karakter fan in Skiedamske mûne te jaan, it nei de wyn setten giet automatysk.

De mûne is oant en mei de kape 42,5 meter heech en mei de aërodynamyske wjukken 55 meter. De hichte fan de stelling is 25 meter, de flecht fan de wjukken hast 30 meter.

Oare mûnen yn Skiedam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]