Hoekske Waard (gemeente)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Gemeente Hoekske Waard
Gemeente Hoeksche Waard
Binnenbedijkte Maas Mijnsheerenland.jpg
Rekreaasjegebiet by Mijnsheerenland.
flagge wapen
Flag of Hoeksche Waard.svg Hoeksche Waard wapen.svg
lokaasje
LocatieHoekscheWaard.png
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag Zuid-Holland.svg Súd-Hollân
boargemaster Jan Pieter Lokker
  (CDA)
sifers en geografy
haadplak Ald-Beierlân
grutste plak Ald-Beierlân
ynwennertal 86.565 (1 jannewaris 2019)
befolkingstichtens 322 / km²
oerflak 323,69 km²
● wêrfan lân 268,93 km²
● wêrfan wetter 54,76 km²
tal doarpen 18
ferkearsieren A29, N217
skiednis
oprjochte 2019
oant 1984 18 ferskillende gemeenten
1984 – 2019 Binnenmaas vlag.svg Binnenmaas
Flag of Cromstrijen.svg Cromstrijen
Flag of Korendijk.svg Korendijk
Flag of Oud-Beijerland.svg Ald-Beierlân (Oud-Beijerland)
Flag of Strijen.svg Strijen
oar
netnûmer 0186 / 078
postkoade 3260-3299
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.gemeentehw.nl
1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Hoekske Waard. (eilân)

Hoekske Waard (Nederlânsk en offisjeel: Hoeksche Waard) is in gemeente yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân. De gemeente ûntstie nei in gemeentlike weryndieling mei yngong fan 1 januari 2019 en omfiemmet njonken it eilân Hoekske Waard ek it eilân Tiengemeten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2004 stelde de provinje Súd-Hollân in gemeentlike weryndieling foar. De gemeenten Binnenmaas, Cromstrijen, 's-Gravendeel, Korendijk, Ald-Beierlân en Strijen soene gearfoege wurde moatte ta ien gemeente Hoekske Waard. Folksstimmings yn in tal gemeenten laten ta dat it foarstel waard letter wer ôfsein waard. Der waard al in Kommisje Hoekske Waard oprjochte dy't him op it mêd fan regionale fraachstikken dwaande hold. Op 1 janewaris 2007 waarden de gemeenten Binnenmaas en 's-Gravendeel gearfoege ta de gemeente Binnenmaas.

Yn 2014 hawwe de boargemasters fan de fiif gemeenten oansetten ta in nij ûndersyk oangeande de takomst fan de Hoekske Waard. Yn it ûndersyk waard nei twa mooglikheden sjoen: it fuortsterkjen en fergrutsjen fan it gearwurkjen of weryndieling fan de fiif gemeenten. De opsje weryndieling waard troch de gemeenterieden fan Strijen en Ald-Beierlân stipe, wylst dy fan Binnenmaas, Cromstrijen en Korendijk in better gearwurkjen stipen.

De rieden fan de fiif gemeenten wiene lykwols fan betinken dat neat dwaan gjin opsje wie en wêrom't der mar twa mooglikheden ûndersocht waarden. Net ien fan de beide mooglikheden koene op in oertsjûgende stipe rekkenje. De provinsje Súd-Hollân besleat lang om let yn july 2016 de weryndielingsproseduere troch te setten en stel foar de fiif gemeenten gear te foegjen ta de nije gemeente Hoekske Waard.

Dat provinsjale foarstel waard oan de Twadde Keamer dien en dy gie op 24 april 2018 stimde der mei yn en de Earste Keamer die dat op 10 july 2018. Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 waard de weryndieling wiermakke. De weryndielingsferkiezings waarden op 21 novimber 2018 holden.

Ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Topografyske kaart fan de gemeente Hoekske Waard

Ijsselmonde en it Eilân fan Doardt binne mei de Hoekske Waard ferbûn troch tunnels; de Heinenoordtunnel en de Kiltunnel. Oer de Hjerringflietbrêge kinne Goeree-Oerflakkee en Noard-Brabân berikt wurde. Foarne-Putten en Tiengemeten binne allinnich oer it fear te berikken. It fear nei Foarne-Putten fart tusken Nij-Beierlân en Hekelingen. Oer it eilân rinne in part fan de A29 en de provinsjale wei N217, dy't de wichtichste ferbiningswei oer it eilân is fan it fear by Nij-Beierlân oant en mei de Kiltunnel by 's-Gravendeel. De N491 is de streamwei tusken de N217 en it doarp Strijen.




Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gemeenterie fan de gemeente Hoekske Waard bestiet út 37 sitten. Hjirûnder stiet de gearstalling fan de gemeenterie sûnt 2019:

Sitten gemeenterie
Partij 2019 2022
CDA 8
Lokalen Hoeksche Waard Mireille Louwerens, mei foarkarstimmen keazen op de list fan Hoeksche Waardse Senioren Partij, stapte noch foar de ynstallaasje fan de nije gemeenterie oer nei de fraksje fan Lokalen Hoeksche Waard
SGP 6
VVD 4
D66 3
GrienLinks 3
KristenUny 2
PvdA 2
Cromstrijen '98 1
Hoeksche Waardse Senioren Partij 1
Totaal 37