Springe nei ynhâld

Strijen

Ut Wikipedy
Tsjerke fan Strijen
Flagge fan Strijen
Wapen fan Strijen
Strijen en omkriten

Strijen is in doarp en in eardere gemeente yn de Hoekske Waard, yn Súd-Hollân. De gemeente hat 9.260 ynwenners (1 jannewaris 2005) en hat in gebiet fan 57,74 km², wêrfan 6,37 km² wetter. De gemeente Strijen, dy't sels as bestjoerlike ienheid datearret fan 1811, foarmet it âldste diel fan 'e Hoekske Waard.

Njonken it doarp Strijen lizze yn de gemeente de doarpen Cillaarshoek en Oudendijk. By it doarp Strijen hearre ek de buorskippen De Klem, Mookhoek en Strijensas.

Strijen hat seis basisskoallen:

  • Yn Mookhoek IBS De Boemerang
  • Yn Strijen
    • KBS Het Spui
    • KBS De Weele
    • IBS De Patrijspoort
    • IBS De Striene
  • Yn Strijensas IBS De Hooistoof

De skoallen De Patrijspoort en De Striene binne dwaande oan in fúzje, dy't trochfierd wurde sil at der in nij skoallegebou foar boud is. Strijen hat gjin neikommende skoalletypen.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]