Kante kilometer

Ut Wikipedy

In kante kilometer (km²) is in flaktemjitte. It is it gebiet fan in fjouwerkant mei siden fan ien kilometer.

Ien kante kilometer is 100 hektare, 10.000 are of 1.000.000 kante meter. Dat komt oerien mei likernôch 200 fuotbalfjilden.

Eartiidsk waard faker de flaktemjitte bunder brûkt, dy't net oeral deselde grutte hie, mar yn 1816 standerdisearre waard ta 1 hektare.

Gebiet Kante kilometers lân
Fryslân sirka 3.349
Nederlân sirka 35.000
Jeropa sirka 10.390.000
Wrâld sirka 149.000.000