Hektare

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Een hektare is in ienheid fan oerflakte fan 100 m × 100 m = 10.000 m² en wurdt ôfkoarte as "ha". Yn in hektare geane 100 aren. In are hat in oerflak fan 10 m × 10 m = 100 m²

De hektare en de are bestean as ienheidsmjitte sûnt de ynfiering fan it metryk stelsel yn 1816. Dêrfoar waarden begripen brûkt as bunder en moargen (sawat itselde as in hektare), dy't berekkene wiene op basis fan yn dy tiid jildende lingtemjitten lykas: in jellen, in foet, in roede, in tomme ensfh. De ôfmjittings dy't dêrmei oantsjutten waarden, ferskilden fan plak oant plak en fan gebiet oant gebiet. Tsjintwurdich wurde de beneamingen allinnich noch pleatslik brûkt.

Minsken dy't har net rjocht foarstelle kinne hoe't in hektare der út sjocht kinne tinke oan oardel fuotbalfjild. In fuotbalfjild mjit sawat 65 m × 100 meter, dat: 65 m × 100 m × 1,5 = 9.750 m².

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]