Springe nei ynhâld

Ald-Beierlân

Ut Wikipedy
Ald-Beierlân
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
Gemeente Hoekske Waard
Sifers
Ynwennertal 24.355 (2019)
Oar
Stifting Midsiuwen
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51°49″ N 4°24′ E

Ald-Beierlân (Nederlânsk en offisjeel: Oud-Beijerland) is in plak en eardere gemeente yn de Nederlânske gemeente Súd-Hollân. It doarp is kwa ynwennertal in grutste plak yn de Hoeksche Waard. It oantal ynwenners yn 2018 wie 24.300.

Ald-Beierlân wie in agraryske gemeente, mar is ek in forinzeplak. It hat boppedat in regionale sintrumfunksje. It doarp leit oan it Spui en oan de Alde Maas en hat in jachthaven.

Sûnt 1 januari 2019 is Ald-Beierlân mei de gemeenten Korendijk, Strijen, Cromstrijen en Binnenmaas ûnderdiel fan de gemeente Hoekske Waard.

Ald-Beierlân is yn 1559 troch de greve Lamoraal fan Egmont stifte as 'Beierland', nei syn frou Sabina fan Beieren. Egmont krige nei it ferstjerren fan syn broer Karel yn 1541 de rjochten fan it gebiet, en liet it yn 1557 bedykje. Yn 1582 waard de âlde namme Beijerland feroare yn Oud-Beijerland, ta ûnderskieding fan it nije doarp Nij-Beierlân dat inkele kilometers fierder nei it westen stifte waard.