2002
Appearance
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 1997 | 1998 | 1999 | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2002 MMII |
Ab urbe condita | 2755 |
Armeenske kalinder | 1451 ԹՎ ՌՆԾԱ |
Etiopyske kalinder | 1994 – 1995 |
Hebriuwske kalinder | 5762 – 5763 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2057 – 2058 |
- Shaka Samvat | 1924 – 1925 |
- Kali Yuga | 5103 – 5104 |
Iraanske kalinder | 1380 – 1381 |
Islamityske kalinder | 1423 – 1423 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4698 – 4699 戊巳 – 己午 |
2002 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 2002.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2000-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 1 - Yn Andorra, Belgje, Dútslân, Eastenryk, it Fatikaan, Finlân, Frankryk, Grikelân, Ierlân, Itaalje, Lúksemboarch, Monako, Nederlân, Portegal, San Marino en Spanje wurdt de euro de wettige muntienheid.
- 17 - In fulkaanútbarsting fan 'e Nyiragongo ferdriuwt yn 'e Demokratyske Republyk Kongo nei skatting 400.000 minsken fan hûs en hurd.
- 18 - Nei alve jier komt der in ein oan 'e Sierraleöanske Boargeroarloch as de rebellen fan it Revolúsjonêr Feriene Front (RUF) einlings definityf ferslein wurde troch regearingsroepen.
- febrewaris
- 2 - De Nederlânske kroanprins Willem-Alexander boasket oan 'e ArgenynseMáxima Zorreguieta.
- 6 - De Britske keninginne Elizabeth II fiert har gouden jubileum as monarch.
- 8-24 - De Olympyske Winterspullen wurde holden yn Salt Lake City, yn 'e Feriene Steaten.
- 12 - Yn De Haach begjint foar it Joegoslaavjetribunaal de rjochtsaak tsjin Slobodan Milošević, de eardere presidint fan 'e Federale Republyk Joegoslaavje.
- 22 - Yn Angoala komt UNITA-lieder Jonas Savimbi om by gefjochten fan syn rebelleleger mei regearingstroepen. Syn dea makket de wei frij foar in fredesakkoart dêr't de 27 jier âlde Angoleeske Boargeroarloch mei beëinige wurde kin.
- maart
- 7-16 - De Paralympyske Winterspullen wurde holden yn Salt Lake City, yn 'e Feriene Steaten.
- 27 - By it Pesachbloedbad deadet in Palestynske selsmoardoanslachdogger 30 minsken yn in hotel yn 'e Israelyske stêd Netanya. Nochris 140 persoanen reitsje ferwûne.
- april
- 2-10 maaie - Israelyske troepen belegerje yn Betlehim de Bertetsjerke, dêr't Palestynske militanten beskûl socht hawwe.
- 4 - Nei 27 jier komt der in ein oan 'e Angoleeske Boargeroarloch, as de rebellen fan 'e UNITA harren deljouwe ûnder in fredesregeling.
- 9 - Yn 'e Britske haadstêd Londen komme tsientûzenen lju ôf op 'e begraffenis fan keninginne-mem Elizabeth Bowes-Lyon.
- 15 - It ferkearsfleantúch Air China-flecht 129 fljocht by min waar yn 'e neite fan 'e stêd Busan, yn Súd-Koreä, tsjin in berch oan. Dêrby komme 129 minsken om.
- maaie
- 6 - De Nederlânske populistyske politikus Pim Fortuyn wurdt yn Hilfertsom fermoarde troch miljeu-aktivist Volkert van der Graaf.
- 20 - East-Timor wurdt ûnôfhinklik fan Yndoneezje.
- 25 - It ferkearsfleantúch China Airlines-flecht 611 falt yn 'e loft útinoar en stoart del yn 'e Strjitte fan Taiwan, wêrby't alle 225 ynsittenden omkomme.
- juny
- 24 - By de Treinramp fan Igandu, yn 'e neite fan 'e Tanzaniaanske haadstêd Dodoma, komme 281 minsken om.
- 26 - It earste Iepen Frysk Kampioenskip Klompkesilen (IFKK) wurdt holden yn Heech.
- july
- 1 - By de loftbotsing by Überlingen komme in Tupolev Tu-154-ferkearsfleantúch en in Boeing 757-frachtfleantúch yn 'e loft mei-inoar yn botsing boppe it Dútske plak Überlingen. Alle 71 ynsittenden fan beide fleantugen komme om.
- 1 - It Statút fan Rome wurdt fan krêft en fêstiget dêrmei it Ynternasjonaal Strafhôf.
- 9 - De Organisaasje fan de Afrikaanske Ienheid (OAU) wurdt opdoekt. Dêrfoar yn 't plak wurdt de Afrikaanske Uny oprjochte.
- 27 - By de ramp op de loftshow fan Sknyliv stoart in Sûchoj Sû-27-strieljager del op it publyk fan in loftshow yn 'e Oekraïne. Dêrby komme 77 minsken om en reitsje nochris 543 ferwûne, wat it ta it slimste loftshowûngelok út 'e skiednis fan 'e loftfeart makket.
- augustus
- 12 - Arjan Erkel, in Nederlânske meiwurker fan Dokters sûnder Grinzen (MSF), wurdt yn 'e Russyske dielrepublyk Dagestan ûntfierd troch islamistyske terroristen.
- 2e helte - Yn Eastenryk, Tsjechje en Dútslân fine troch oerfloedige rein de grutste oerstreamings yn hûndert jier plak. Benammen it streamgebiet fan 'e rivier de Elbe hat dêr slim ûnder te lijen.
- septimber
- 2 - De Fryske Wikipedy begjint.
- 10 - Switserlân wurdt as 190e lân lid fan 'e Feriene Naasjes.
- 19 - By in steatsgreep yn Ivoarkust liedt generaal Robert Guéï in militêre rebûlje wêrby't presidint Laurent Gbagbo ôfset wurdt. Dit is it begjin fan 'e Earste Ivoriaanske Boargeroarloch.
- 26 - De fearboat de MS Le Joola giet te sink foar de kust fan Gambia, wêrby't teminsten 1.863 opfarrenden omkomme.
- 27 - East-Timor wurdt as 191e lân lid fan 'e Feriene Naasjes.
- oktober
- 12 - By de bomoanslaggen op Baly, troch islamistyske terroristen op twa nachtklubs yn it toeristyske útgeanssintrum fan Kuta, op it Yndonezyske eilân Baly, komme 204 minsken om, ynkl. 2 dieders.
- 17 - De Israelyske minister fan Toerisme Rehavam Ze'evi wurdt by in oanslach fermoarde troch trije leden fan it Folksfront foar de Befrijing fan Palestina (PFLP).
- 23-26 - By de gizeling yn it Dûbrovkateäter wurde yn 'e Russyske haadstêd Moskou 850 teäterbesikers gizele troch Tsjetsjeenske separatisten. De Russyske autoriteiten losse it probleem op troch in ûnbekend gas yn it fentilaasjesysteem fan it Dûbrovkateäter te pompen dêr't se de gizelnimmers mei bûten bewustwêzen bringe wolle. It ynazemjen fan it gas blykt lykwols foar in oansjenlik part fan 'e gizelders fatale gefolgen te hawwen. Der komme 173 minsken om, wêrûnder 133 gizelders en alle 40 gizelnimmers.
- novimber
- novimber - Yn Hongkong brekt de SARS-epidemy út, in sykte dy't him al rillegau nei oare parten fan 'e wrâld ferspriedt.
- 7 - By in referindum oer soevereiniteit wiist de befolking fan 'e Britske kroankoloanje Gibraltar massaal oansluting by Spanje ôf.
- 8 - De Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes nimt unanym Resolúsje 1441 oan, wêryn't Irak yn it ramt fan 'e Iraakske Untwapeningskrisis ûnder bedriging mei slimme konsekwinsjes oproppen wurdt om syn massaferneatigingswapens op te jaan.
- 13 - Irak akseptearret FN-Feilichheidsriedresolúsje 1441.
- desimber
- 6 - By in bomoanslach troch islamistyske terroristen op in bioskoop yn it Bingaalske doarp Mymenshingh komme 27 minsken om.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 8 april - Skai Jackson, Amerikaansk aktrise
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- febrewaris
- 1 - Jan Pannekeet, Nederlânsk taalkundige (* 1925)
- 5 - Fred van der Vlugt, Nederlânsk sjoernalist (* 1930)
- 13 - Waylon Jennings, Amerikaansk countrysjonger (* 1937)
- 15 - Kevin Tod Smith, Nijseelânsk akteur (* 1963)
- 21 - John Thaw, Ingelsk akteur (* 1942)
- maart
- 4 - Elyne Mitchell, Australysk berneboekeskriuwster (* 1913)
- 16 - Siegfried van Praag, Nederlânsk skriuwer (* 1899)
- 30 - Elizabeth Bowes-Lyon, Britsk Keninginne-Mem (* 1900)
- april
- 5 - Douwe Tamminga, Frysk dichter, skriuwer en oersetter (* 1909)
- 5 - Bargil Pixner, Italjaansk archeolooch (* 1921)
- 10 - Eddy de Jongh, Nederlânsk fotograaf (* 1920)
- 18 - Thor Heyerdahl, Noarsk antropolooch (* 1914)
- 21 - Verné Lesche, Finsk reedrydster (* 1917)
- maaie
- 6 - Pim Fortuyn, Nederlânsk politikus (* 1948)
- 6 - Sem Dresden, Nederlânsk literatuerwittenskipper (* 1914)
- 6 - Meinte Walta, Frysk byldzjend keunstner (* 1920)
- 11 - Martin van Amerongen, Nederlânsk publisist, kollumnist en sjoernalist (* 1941)
- 30 - John B. Keane, Iersk skriuwer (* 1928)
- juny
- 20 - Nina Baanders-Kessler, Frysk byldhouwster en medaljeur (* 1915)
- 20 - Tinus Osendarp, Nederlânsk atleet (* 1916)
- 28 - André Roosenburg jr. Nederlânsk keatser (* 1951)
- 29 - Sikke Doele, Frysk skriuwer en dichter (* 1942)
- july
- 4 - Freark Dam, Frysk sjoernalist, oersetter en dichter (* 1924)
- 18 - Sipke Veenstra, Frysk dichter en skriuwer (* 1924)
- 23 - Chaim Potok, Amerikaansk skriuwer (* 1929)
- 26 - André Roosenburg, Nederlânsk fuotballer (* 1923)
- augustus
- 6 - Edsger Wybe Dijkstra, Nederlânsk wiskundige (* 1930)
- 18 - Johan Bok, Frysk musikus (* 1929)
- 19 - Eduardo Chillida, Baskysk byldzjend keunstner (* 1924)
- 21 - Eddy Evenhuis, Nederlânsk sjoernalist en dichter (* 1920)
- 22 - Æbe Haima, Frysk keatser (* 1927)
- 24 - Cornelis Johannes van Houten, Nederlânsk astronoom (* 1920)
- 25 - Johannes Brandsma, Frysk Boargemaster (* 1918)
- 26 - Thomas Gordon, Amerikaansk klinysk psycholooch (* 1918)
- septimber
- 3 - Dirk ter Haar, Ingelsk-Nederlânsk natuerkundige (* 1919)
- 9 - Peter Tetteroo, Nederlânsks muzikant (* 1947)
- 15 - Liepke Scheepstra, Frysk fersetsstrider (* 1918)
- 22 - Jan de Hartog, Nederlânsk skriuwer (* 1914)
- oktober
- 6 - Johan Sterenberg, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1920)
- 6 - prins Claus von Amsberg, prins-gemaal fan de Nederlannen (* 1926)
- 18 - Nikolaas Egbert Algra, Frysk heechlearaar rjochtswittenskip (* 1927)
- novimber
- 3 - Piebe Bakker, Frysk dirigint en skoalbestjoerder (* 1929)
- 8 - Fie Werkman, Nederlânsk keunstner (* 1915)
- 9 - Jan Hulsker, Nederlânsk keunsthistoarikus (* 1907)
- 23 - Boudewijn Büch, Nederlânsk skriuwer (* 1948)
- 24 - John Rawls, Amerikaansk filosoof (* 1921)
- desimber
- 12 - Dee Brown, Amerikaansk skiedkundige en bibletekaris (* 1908)
- 19 - Henri Arnoldus, Nederlânsk skriuwer (* 1919)
- 26 - Jaap van der Scheur, Nederlânsk bestjoerder en politikus (* 1926)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- romans
- Tanya Huff, The Better Part of Valor
- Lois McMaster Bujold, Diplomatic Immunity
- Jim Butcher, Summer Knight
- Julie E. Czerneda, To Trade the Stars
- koarte ferhalen
- Jim Butcher, A Restoration of Faith
- Jim Butcher, Vignette
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jierren: | 1997 | 1998 | 1999 | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 | 2006 | 2007 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|