Heech
| |||||
![]() | |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2021) | 2.225 | ||||
Webstee |

Heech (Nederlânsk: Heeg) is in doarp in de gemeente Súdwest-Fryslân, oan de noardkant fan de Hegemer Mar, súdwest fan Snits. Oant 2011 lei Heech yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.
Ielhannel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Troch de lizzing oan de Hegemer Mar wie lange tiid de ielfiskerij en -hannel belangryk yn Heech. Oant 1938 waard fanút Heech iel nei Londen eksportearre. De Hegemers koenen dêrby fergees gebrûk meitsje fan de Dutch Mooring (Nederlânske oanlis) oan de Teems, net fier fan de Toer fan Londen. De hannel wie sa wichtich foar it doarp dat der in tiid west hat dat de Hegemer bern op de legere skoalle al Ingelsk learden. It belang blykt ek út it wapen fan Heech, dêr't noch altyd in iel yn stiet.
Wettersport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tsjintwurdich is Heech in bekend wettersportsintrum mei in ferskaat oan jachthavens en werven. Hjirfan is de werf foar platboadems fan Piersma de bekendste. Yn it sintrum fan it doarp steane noch in pear gebouwen út de 18e iuw wêrunder de herfoarme tsjerke út 1745.
Topografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ta Heech wurde ek de buorskippen Osingahuzen en Lytshuzen rekkene. Súdeastlik fan Heech lei earder it buorskip Easterwâlde.
Oer it lân jout De Skatting ferbining mei de twa buorskippen en fia de Alde Skatting mei Drylts. De Nijedyk jout ferbining mei De Gaastmar.
Oer it wetter jouwe it Nauwe Fliet en de De Grêft fan de Hegemer Mar tagong ta it midden fan it doarp. Fan wêr't dy twa gearkomme giet de Hegemer Far nei it easten, en komt út op it plak dêr't de Wimerts (de Nauwe Wimerts en de Wide Wimerts) de Jeltesleat krúst. De Jeltesleat ferbinet bûten it doarp om de Hegemer Mar mei de Kûfurd. Fan it Nauwe Fliet giet de Tsjerkesleat ek nei Lytshuzen, en fia de Djippe Sleat nei de Rintsjepoel. De Weisleat jout ferbining mei de Idzegeaster Poel en mei Idzegea. Yn de buorren fan it doarp steane noch in tal 18e-iuwske bouwurken, lykas it Kapteinshûs. De Syl is karakteristyk foar Heech en om de herfoarme tsjerke út 1745 binne smûke strjitsjes. Fierders binne der noch:
- de roomske tsjerke, ien fan de neogotyske tsjerken yn Fryslân ûntwurpen troch Pierre Cuypers
- In grifformearde tsjerke, ûntwurpen troch Tjeerd Kuipers.
Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In doarpshûs stiet midden yn it doarp. In it yn 1999 oanleine Hiempark mei besikerssintrum binne ferskate biotopen te sjen. Der is in broek-, park- en drûchbosk. Boppedat binne der in fjildlaboratorium, fûgelhutte, fûgeleilân, swellemuorre en in flearmûzeboufal. Der wurdt alle jierren in soad op tou set, lykas it doarpsfeest "Heech yn’t Findel", de reüny fan rûne- en platboaiemjachten en ferskate sylwedstriden op de Hegemer Mar. "Heechspanning" is it jierlikse Strjittefestival, Heechsimmerfestival is in muzykspektakel. Ynwenners wurde fan alles op de hichte hâlden middels it krantsje "De Sylboade". "Talma State"is in tehûs foar de âlderein. It doarp hat in kristlike en in roomske basisskoalle.
Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Crescendo - muzyk
Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De yn 2003 ferstoarne ARP-politikus Joop Bakker leit yn Heech begroeven. Hanneke Jagersma, de earste, en ienige boargemaster yn Nederlân dy't lid fan de CPN wie is berne yn Heech.
Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- By de werf fan Piersma is it Houtboumuseum De Helling. Hjir kin yn gearwurking mei stifting "De Ielaak" û.o. it bouwen fan platboaiems folge wurde.
- De eardere jeugdherberch sylt mei har sylskoalle noch mei orizjinele houten tsjotterkes.
- Under it wetter De Grêft troch rint in fuotgongerstunnel dy't de jachthaven mei de buorren ferbynt.
- De Herfoarme tsjerke is fan 1745.
- De roomske Sint Jozeftsjerke, ien fan de neogoatyske tsjerken yn Fryslân is ûntwurpen troch Pierre Cuypers.
- De grifformearde Ichtustsjerke is ûntwurpen troch Tjeerd Kuipers.
Strjitten fan Heech[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Alle strjitten fan Heech.
Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|