Goaiïngea

Ut Wikipedy
Goaiïngea
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 244 (2022) [1]
Oerflak 3,61 km, werfan:
- lân: 3,52 km²
- wetter 0,08 km²
Befolkingsticht. 69 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 3' N 5° 42' E
Offisjele webside
Side Goaiingea
Kaart
Goaiïngea (Fryslân)
Goaiïngea

Goaiïngea is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân. It leit yn De Legeaën en it is ien fan de doarpen fan de Snitser Fiifgea.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goaiïngea ûntstie as in terpdoarp eastlik fan de eardere Middelsee op de grins fan klaaigrûn dat yn noardwestlike rjochting leit en it leechfeangebiet nei it súdeasten. Foar it oanmeitsjen brûkte de befolking de leechfeangrûnen om turf te stekken. Fierders libben de minsken fan de it fiskjen en op de wat steviger grûn fan it hâlden fan fee. It doarp ûntwikkele him as in dykdoarp mei hjir en dêr groepkes huzen. Earst yn de 20e iuw ûnstiene der njonken de buorren oare strjitten.

Willibrordtsjerke

Yn de 13e iuw waard it doarp as Goingum neamd, yn 1335 as Goynghum, yn 1427 as Goengma en yn de 16e iuw as Gonynghum, Goeijingum, Goyngha, Geongum en Goijinga. De namme tsjut nei alle gedachten op it wenplak (hiem/um) fan it skaai Goinga. '

De oan de apostel Willibrord wijde midsiuwske tsjerke fan it doarp waard healwei de 18e iuw ôfbrutsen en ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. Yn 1787 krige de tsjerke in tuorke mei in ynsnuorre spits tafoege. Fan de midsiuwske tsjerke is de klok bewarre bleaun, dy't yn 1342 getten waard.

Foar Willem Gerbrandy (1915-1943) en Simon Heeringa (1915-1943), de twa Goaijengeaster slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch, waard yn 2019 ta harren neitins in betinkingsstien oan de tsjerke oanbrocht.[2]

Oant 2011 lei Goaiïngea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Pollehout

Midden jaren 1990 is de eardere konsistoarje fan de herfoarme tsjerke omboud ta doarpshûs mei as namme ‘De Kosterij’. Yn it doarpshûs komme de doarpsgenoaten by elkoar yn ferieningsferbân of om gewoan in praatsje te meitsjen. Playbackshows, toaniel of muzykjûnen wurde der ek hâlden. It doarp hat in keatsfjild en in Jeu de Boulesbaan.

Tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eardere pastorij
De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Goaiïngea.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(sjoch doarpsside foar mooglike feroarings)

Goaijengeamieden

Befolkingsferrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1973 2006 2013
Ynwenners 183 364 344 338 299 267 258 234
Jier 2015 2020 2022
Ynwenners 239 235 244

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

't Pollehout, Aldfeartsdyk, De Boppeslach, Goaiïngeamieden, Hege Wier, It Mediel, Midlânsdyk, Sickengawei.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

 
Plakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân
Flagge fan de gemeente Súdwest-Fryslân
Stêden: BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum

Doarpen en útbuorrens: AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns

Buorskippen: AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)LippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren