Draeisterhuzen
Appearance
Draeisterhuzen | ||
Polityk | ||
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
himrik | Easthim | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 0' NB, 5° 36' EL | |
Kaart | ||
Draeisterhuzen is in buorskip yn 'e himrik fan Easthim yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân.
De buorskip leit súdwestlik fan Drylts oer de Boalserter Trekfeart oan 'e súdkant fan it spoar nei Warkum. De namme komt ek foar as Dray, Draijstera monckaland, Ter Draai, Toe der Draija en Draaisterhuizen. De namme ferwiist nei de buorskip dêr't skippen mei in spil oer de dyk draaid waarden, sadat se oan de oare kant fierder farre koenen. Soks waard dien mei in swier tou oan in kaapstander, de skippen koenen yn dat gefal trochfarre nei Boalsert.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|