Springe nei ynhâld

Hichtum

Ut Wikipedy
Hichtum
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal85 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak3,3 km² (3,25 km² lân, 0,05 km² wetter)
Befolkingsticht.26 ynw. /km²
Oar
FerkearsierenN359
Postkoade8743
Netnûmer0515
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 5' NB, 5° 32' EL
Himrik fan Hichtum (grien) yn 'e eardere gemeente Wûnseradiel
Himrik fan Hichtum (grien) yn 'e eardere gemeente Wûnseradiel
Offisjele webside
Side Hichtum
Kaart
Hichtum (Fryslân)
Hichtum

Hichtum is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, noardlik fan Boalsert en leit oan de Harnzer Feart. It doarp hat 85 ynwenners (1 jannewaris 2023). De buorskip Syswert en de pleatsen Grut Oarns en Lyts Oarns foarmje in diel fan it doarp. Sûnt 1949 hearre de pleatsen fan Grons en lyts Grons ek by de himrik fan Hichtum.

It wapen fan Hichtum is ferdield neffens it famylje fan de Thoe Schwartzenberg's. De leelje komt fan it wapen fan de famylje Van Huyghis, dy't krektas oare grytmannen op de Wybrandastins by it doarp wennen.

Hichtum is in terpdoarp en it doarp waard yn 1275 as Hetlum oanhelle, dochs moat as Hectum lêzen wurde. Yn 1313 wurdt der fan Echtum neamd en yn 1400 Hichtim. Fan de lette 15e iuw komt Hichtum foar.

It twadde part fan de namme is -hiem en it earste part kin mooglik fan 'e persoansnamme "Hecht" komme, in namme dy't op -hag (ôffreding) of -hug (ferstân) weromgiet.

Yn 1949 waarden de pleatsen Grut en Lyts Oarns fan Burchwert by de himrik fan Hichtum foege. Yn 1970 waard Syswert fan it doarp skaat troch it oanlizzen fan de Westergoawei.

Oant 2011 lei Hichtum yn de eardere gemeente Wûnseradiel.

Wibrandastate yn 1722

Súdlik fan Hichtum stie de Wibrandastate, dat út twa grutte gebouwen en in poartegebou bestie. Aadlike famyljes fan Wûnseradiel hawwe generaasjes lang yn dy state wenne, lykas de geslachten Wibranda, Aysma, Van Huyghis, Aytta en Schwartzenberg en Hohenlansberg. In beneamde bewenner wie grytman Wilco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg.

Yn de 17e iuw waard de state troch Hessel van Huyghis en Frouck fan Wyckel bewenne. Yn 'e tsjerke waard foar harren in pronkeftich grêfmonumint makke. Ek fan de machtige famylje Thoe Schwarzenberg en Hohelansberg binne grêven yn de tsjerke te finen.

De state hie út 25 keamers en hie grutte tunen mei fruchtbeammen. Houtferkeap yn 'e 18e iuw jout dêr bewiis fan. Yn 1833 waarden der 330 beammen ferkocht en fjouwer jier letter waard de state ôfbrutsen. Dêr waard in kop-hals-romppleats foar yn plak boud. Ek om de pleats hinne waard in grut en moai boerehiem mei apelhôf oanlein.

De pleats Wibrandastate is nei in grutte brân yn 1957 nijboud.

De tsjerke fan Hichtum

It tsjerkje mei kleastermoppen is boud yn de 12e iuw, mar waard yn de 15e iuw gâns feroare, wêrnei't yn de 17e iuw de hjoeddeiske toer boud waard. De toer hat twa liedklokken, dêr't ien fan troch Hans Falck yn 1617 getten is en de oare in moderne is. De tsjerke stiet mei in skulpepaad op in mei esken en iperen omseame tsjerkhôf. Yn 1882 is der in nij ynterieur yn komd en waard de preekstoel fan de súdkant nei de koarsluting fersetten, foar it grêfmonumint. Ek is der in grêfsark út 1626.
It oargel yn de Nederlânsk Herfoarme tsjerke is yn 1795 boud troch Albertus van Gruisen. It ynstrumint is yn orizjinele steat bewarre bleaun.
Der is in grêfkelder fan de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg.

It doarp hat in feriening foar doarpsbelang dy't gearkomt yn it doarpshûs 'Us Gerak'. 'Op'e Hichte' is de doarpskrante en der is in feestkommisje. De 'Wylde Sjitters' is de namme fan de biljertferiening. Fierders docht it doarp in soad yn 'e mande mei buordoarp Burchwert

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
19541959196419691974200420132025
139136112113997085[2]90[2]

Berne yn Hichtum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Schwartzenbergwei, Syswert.

  • Nienke fan Hichtum wie it pseudonym fan Sjoukje Maria Diederika Troelstra-Bokma de Boer. Hja hie lykwols gjin bining mei it doarp.
  • Eartiids wie der in reagerkoloanje by it doarp.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tabel: Befolking; moannesifers de gemeente en oaree regionale yndieling, 1 jannewaris 2023, Sintraal Buro foar de Statistyk, Foarburch/Hearlen
  2. 1 2 Alle Cijfers

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje