Wâldsein

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Wâldsein
Flagge fan Wâldsein Wapen fan Wâldsein
Flagge Wapen
Lokaasje fan Wâldsein
Gemeente Súdwest-Fryslân
Ynwennertal (2011) 1390
Webstee http://www.woudsendonline.nl
Fan de brêge ôf sjoen

Wâldsein (Nederlânsk: Woudsend) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súd fan Snits. Oant 2011 lei Wâldsein yn de eardere gemeente Wymbritseradiel. It doarp hat likernôch 1.308 ynwenners (2006).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wâldsein wurdt foar it earst neamd yn 1337 as it kleaster fan de paters fan de Karmeliten stifte wurdt. Omdat de Ie yn de tiid fan de Middelsee ferbining hie mei Drylts, Snits en Ljouwert ûntstie hannel en skipfeart yn in goa mei in soad boeren. Om de skipfeart te beskermjen waard yn 1523 in blokhûs boud by it kleaster. Letter kamen der wenten oan de Midstrjitte en by de mole. Doe't yn 1710 de Sontfeart begûn waard Wâldsein hieltyd mear in haven. Yn 1762 waard der ek oan de oare kant fan de Ie boud.

Sport en Rekreaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de geunstige lizzing fan Wâldsein tusken de Sleattemer Mar en de Hegemer Mar, net fier fan de Gaasterlânske bosken, lûkt it doarp in soad wettersporters.

Wâldsein leit oan de rûte fan de Alvestêdetocht.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarp hat fjouwer buertferienings: Markant, It Fuottenein, Oer de Brêge en Oer de weisleat. De Bonifatiusskoalle en M. van der Brugskoalle binne de basisskoallen, De Beltsjeblom is it pjutteboartersplak.

Ferienings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Fertier - toaniel
  • Om'e Nocht / Reinbôge - sjongen
  • De Pôlesjongers - shantykoar
  • De Poedelaar, BBC, Libre 1, Libre 2, Hy rint troch, DDOS, KET, KOT - biljerten
  • WSV - gymnastyk
  • Eensgezindheid - damjen
  • WISKY - follybal
  • Fuotbalferiening Wâldsein

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In bekende ynwenner wie arsjitekt Hindrik Hindriks Kramer (1850-1934)

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Simmerdeis foarmet de brêge oer de Ie yn de buorren fan Wâldsein in knelpunt foar it wei- as wetterferkear. Troch de bou fan in rûnwei mei it Ie-Akwadukt besuden it doarp kaam yn 2007 in ein oan de oerlest fan it weiferkear.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Strjitten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alle strjitten yn Wâldsein.

Ferneamde persoanen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: