Arkum
| Arkum | ||
| Arkum | ||
| Bestjoer | ||
| Gemeente | ||
| Himrik | ||
| Oar | ||
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 02' NB, 5° 30' EL | |
| Kaart | ||
Arkum is in útbuorren yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Arkum heart ta de himrik fan Tsjerkwert. De útbuorren leit oan 'e dyk mei deselde namme tusken Tsjerkwert en Dedzjum en bestiet út in nustje byinoar lizzende pleatsen. Oan 'e noardeastkant leit 'e buorskip Jonkershuzen. Oan de westkant lizze de Warkumer Trekfeart en de N359.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De útbuorren ûntstie op in terp en is nei alle gedachten al hiel âld. Dochs komt de namme foar it easrt foar op kaarten yn 1664 as Arcum. De namme komt fan de gearstalling "hiem" en de persoansnamme "Arke" of "Adrik" mei de grûnbetsjutting "earn".
Archeology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jannewaris 2012 is by Arkum archeologysk ûndersyk dien oan in hústerpke troch it Grinzer Ynstitút foar Archeology. De fynsten (diggelguod, bonken, kowekiezzen, wetterputten, ensfh.) datearje út de earste trije iuwen fan de jiertelling, de Romeinske tiid. [1]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|