Springe nei ynhâld

Tsjerkwert

Ut Wikipedy
Tsjerkwert
Doarpsicht
Doarpsicht
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
Sifers
Ynwennertal440 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak12,05 km² (11,89 km² lân, 0,16 km² wetter)
Befolkingsticht.37 ynw. /km²
Oar
FerkearsierenN359
Postkoade8765
Netnûmer0515
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 02' N 5° 30' E
Sint-Petrustsjerke
Sint-Petrustsjerke
Offisjele webside
Side fan Tsjerkwert
FB-side fan Tsjerkwert
Kaart
Tsjerkwert (Fryslân)
Tsjerkwert
Kaart
Doarpsicht
Himrik fan Tsjerkwert (grien) yn 'e eardere gemeente Wûnseradiel

Tsjerkwert is in terpdoarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, súdwest fan Boalsert. It doarp hat 440 ynwenners (1 jannewaris 2023).

De himrik fan Tsjerkwert grinzet, fan it noarden, mei de klok mei, oan: Boalsert, Blauhús, Greonterp, Dedzjum, Parregea en Eksmoarre. It doarp leit oan de eastkant fan de Warkumer Trekfeart tusken Boalsert en Parregea. Oan de súdkant fan it doarp giet fan de trekfeart it Van Panhuyskanaal nei it westen nei Makkum. Oan de westkant fan de trekfeart leit ek de N359, dêr't it doarp oer in brêge mei ferbûn is. Nei it súdeasten rint de Himdyk nei Blauhús.

Ta de himrik fan Tsjerkwert hearre ek de buorskippen Aaksens, Arkum, Beabuorren, Ymswâlde, Jonkershuzen en Jousterp.

De yn 1800 ôfbrutsen Waltastate

It doarp ûnstie eartiids op in terp en ûntjoech him letter ek by de feart lâns. Sa ûnstie der njonken it terpdoarp ek in lange streek.

Yn de 13e iuw waard it doarp 'Kercwere' neamd. Dêrnei folgen nammen lykas 'Kercwerve' (1313), 'Kerkwerc' (1331), 'Karcwarde' en 'Kercwaerd' (1333), 'Kercweer' (1399), 'Tzerckwert' (1453) en 'Tjerckwert' (1664). De plaknamme ferwiist nei in tsjerke ('tjerk') op in opheging foar bewenning, yn it Aldfrysk 'werve'.

Op it plak fan de yn 1800 ôfbrutsen Waltastate stiet tsjintwurdich in mânske pleats. De state waard nei de Walta's troch de Fan Cammingha's bewenne en nei it ferstjerren fan Watse fan Cammingha (1668) liet syn frou Rixt fan Donia foar har man in moarmeren praalmonumint yn de tsjerke sette.

Oant 2011 lei Tsjerkwert yn de eardere gemeente Wûnseradiel. Yn 2011 is dy gemeente opgongen yn de gemeente Súdwest Fryslân.

It doarpsbelang fertsjintwurdiget de belangen fan de ynwenners fan it doarp. It doarpshûs is It Waltahûs. De doarpskrante fan Tsjerkwert hjit 't Skieppesturtsje, ferneamd nei de skelnamme fan de Tsjerkwerters. Op it nijjiersbal wurdt de jierpriis fan Tsjerkwert útrikt: De Skieppesturt. De ûnderskieding bestiet út in echte skippesturt út de ienige skiep- en laamsfachtloaierij fan Nederlân, dy fan Van Buren oan de Warkumer Trekwei yn Boalsert. De byhearrende oarkunde wurdt jûn om minsken yn it sintsje te setten, dy't yn de rin fan de jierren boppe de grutte grize kloft fan warbere wurkers útstekke. De sjuery bestiet út redaksjeleden fan de doarpskrante.

Tsjerkwert leit op de helte fan de rûte fan de Alvestêdetocht. Sûnt 2021 is it doarp ferrike mei it keunstwurk 'Fyftjin en Fierder'. It bestiet út ferskillende dielen fan 15 silhûetten oan de Warkumer Trekfeart. Elts silhûet stiet foar it jier dat de tocht rieden waard en foar de silhûetten hawwe ynwenners fan it doarp model stien.[2]

Alde pastorije
De Wikipedy hat ek in side Sint-Petrustsjerke (Tsjerkwert).

De PKN-gemeente Tsjerkwert-Dedzjum makket alle sneinen gebrûk fan de Petrustsjerke yn Tsjerkwert. Ienris yn de moanne brûkt de PKN ek de tsjerke fan Dedzjum. Oant 1987 hie Tsjerkwert ek in grifformearde tsjerke, de Lytse Tsjerke. Yn 1987 waard de Lytse Tsjerke sletten, mar it gebou krige in oare funksje en bleau sûnder al te grutte feroarings oan de bûtenkant bestean.

De eardere grifformearde tsjerke

It doarp hat ien basisskoalle: de kristlike basisskoalle De Reinbôge en in pjutteboartersplak It Pjuttehonk foar bern út Tsjerkwert, Dedzjum, Parregea en Hieslum.

  • Begraffenisferiening Tsjerkwert-Dedzjum
  • Biljertferiening H.T.S.
  • Fitness Foar Froulju
  • Kaartklub
  • Keatsferiening De Twa Doarpen (mei Dedzjum)
  • Iisklup Tsjerkwert
  • Muzykferiening Eensgezindheid
  • Oranjeferiening Mei Inoar Ien
  • Stifting Windkracht Tien
  • 60+ soas Tsjerkwert–Dedzjum
Underdiel fan 'Fyftjin en Fierder'

Berne yn Tsjerkwert

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier195419591964196919742000200220092022
Ynwenners560524504473438463478466447

Arkum, Beabuorren, Boalserterwei, Iemswâlderleane, Himdyk, Jousterperwei, Kade, Tsjerkestrjitte, Rytseterp, Singel, Sylroede, Van Panhuijswei, Waltawei.

Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De busline troch Tsjerkwert wurdt fersoarge troch Qbuzz. De folgjende line rydt troch Tsjerkwert:

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Súdwest-Fryslân
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAltenaAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenBrânburrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEambuorrenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoarstersylFallingabuorrenFeytebuorrenFiifhûsFilensFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenYmswâldeYndyk (Boazum)Yndyk (Parregea)IngwertIngwierYsgumYtsumJethJonkershuzenJousterpJouswertKathuzumDe KampenDe KatKathuzumKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenLonjéMakkum (Boazum)MeilahuzenMonebuorrenMontsamabuorrenMountsjewierMûntsebuorrenDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesyl't NoardOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSylsterbuorrenSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)'t SouSpearsSpykIt StrânSwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumer KettingWonnebuorren
· · Berjocht bewurkje