Springe nei ynhâld

Sint-Joaristsjerke (Dedzjum)

Ut Wikipedy
Sint-Joaristsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
plak Dedzjum
adres Buorren 16
koördinaten 53° 01' N 5° 29' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Sint-Joaris
Arsjitektuer
arsjitekt Jan van Rheenen
boujier 1889
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 516529 [1]
Webside
PKN Tsjerkwert-Dedzjum
Kaart
Sint-Joaristsjerke (Fryslân)
Sint-Joaristsjerke

De Sint-Joaristsjerke yn Dedgum is ien fan de tsjerkegebouwen fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

De âlde tsjerke foar de ôfbraak (1889)

De foargonger wie de earste tsjerke fan Dedzjum en datearre út de 13e iuw. Nei de reformaasje waard de tsjerke oerdien oan de protestanten, mar Dedzjum bleau noch hiel lang in doarp mei in grutte katolike mearderheid. Yn 1858 wie noch altiten 60% fan het doarp roomsk.[2]

De midsiuwske tsjerke wie oarspronklik wijd oan Sint-Joaris en hie in sealtektoer en in healrûn koer. By de ôfbraak fan de âlde tsjerke om plak te meitsjen foar de tsjintwurdige tsjerke is de poarte, dy't by in fernijing fan de tsjerke yn 1701 oan de noardlike tagong tafoege waard, nei it Frysk Museum gien. In útstel om it poartsje wer yn de nijbou te yntegrearjen waard net útfierd. De houten banken, dy't mei fykwurk bewurke wiene, binne yn dy tiid weismiten.

Op 13 july 1889 waard de earste stien foar de hjoeddeiske tsjerke lein, dy't neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Jan van Rheenen út Wytmarsum troch oannimmer A.R. Posthumus út Tsjerkwert boud is. Ta oantinken dêrfan waard oan de noardlike muorre fan de toer in gevelstien ynmitsele. De tsjerke waard boud as in sealtsjerke mei in trijesidich ôfsletten koer. De slanke toer mei in ynsnuorre spits stiet oan de westlike kant op it plak fan de âlde toer, alhoewol't der by de tarieding fan de nijbou noch praat west hat om de oriïntaasje fan de tsjerke te feroarjen en de toer oan de eastlike kant te bouwen.

Restauraasje 2018-2019

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant de restauraasje fan 2018-2019 wie de tsjerke yn in strieminne steat. De tsjerke hie sels de namme fan "de meast fertutearzge tsjerke fan Fryslân". Nei de restauraasje tsjinnet de tsjerke as it doarpshûs fan Dedzjum. Dêrnjonken hat de tsjerke ek noch ienris yn 'e moanne in tsjerklike funksje. Dan makket de herfoarme PKN-gemeente Tsjerkwerd-Dedgum gebrûk fan it gebou foar de fiering fan de tsjinst. Fierder is it mooglik om yn it gebou gear te kommen en yn de toer te oernachtsjen.

Om de tsjerke ek geskikt te meitsjen foar oare funksjes moast de muorre tusken de foarhal en de seal oardel meter opskood wurde. Dat betsjutte dat ek de ferhûzing fan it oargel fierder de tsjerkeseal yn.[3] [4]

De nije tsjerke waard ynrjochte lykas dat yn de 19e iuw wenst wie. De romte wurdt oerdekt mei in bôgefoarmich stúkferwulft mei sierroasters fan getten izer. Oan de kleuren fan it ynterieur is sûnt de bou fan de tsjerke net in soad feroare. Allinne de readbrune flier waard yn de jierren 1950 oerstrutsen mei blaugriis.

Oan wjerskanten fan it middenpaed dat nei it koer rint steane de rigen banken opsteld. Oan de muorren is in houten lambrisearring oanbrocht. Tradisjoneel stie yn Fryske tsjerken de preekstoel eartiids oan de súdlike muorre, mar yn de 19e iuw ferhûzen in soad kânsels mei it doophek nei it eastlike koer. Lykas doe moade wie krige ek de preekstoel yn de nije tsjerke fan Dedzjum in plak yn it koer. De mei fykwurk fan blommen, fruchten en fûgels fersierde preekstoel stamt út 1739 en komt noch út de âlde tsjerke. De trep nei de preekstoel stamt fan 1889, it doopbekken út 1767. Ek de psalmbuorden binne 18e iuwsk en ôfkomstich út de âlde tsjerke, se litte grutte oerienkomsten sjen mei dy fan Parregea en Hieslum. Oft der noch âlde sarken ûnder de flier lizze is net wis.

Yn de toer is in mechanysk oerwurk fan smei-izer út 1625. De liedklok waard yn 1890 getten troch A.H. van Bergen. Mei de restauraasje fan 2018-2019 waard ek it hiele ynterieur opknapt.

It ienmanualige oargel stiet boppe it foarportaal en waard nei de foltôging fan de tsjerke boud troch L. van Dam & Soannen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: