Stichting Alde Fryske Tsjerken

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stifting Alde Fryske Tsjerken)

De Stichting Alde Fryske Tsjerken, fêstige oan 'e Emmakade yn Ljouwert, is in organisaasje dy't bedrige tsjerken, tuorren en klokkestuollen oernimt, se restaurearret en der in nije bestimming foar siket.

De stichting is der komd op inisjatyf fan de provinsjale Tsjerkfâdij-Kommisje fan de Herfoarme Tsjerke yn Fryslân en nei Grinslanner foarbyld oprjochte yn 1970. Se wurdt holpen troch in soad frijwilligers en donateurs. De Stichting organisearret ekskurzjes en jout publikaasjes út yn in ringbân. Se hat in oerwurk- en in oargelkommisje dy't advisearje. Der is in deistich bestjoer, in algemien bestjoer en in ried fan advys.

Troch de ûnttsjerkliking en it gearfoegjen fan herfoarme en grifformearde tsjerkegemeenten wurdt in grut oantal tsjerkegebouwen oerstallich. De stifting nimt allinnich tsjerkegebouwen oer dy't ryksmonumint binne. De stifting hat sa'n fjirtich tsjerken yn Fryslân en twa klokkestuollen (Goaiïngaryp en Nijeholtwâlde) yn behear (sitewaasje 2013).

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Plak Tsjerke Ofbyld
Allingawier
Bears
Blessum
Boarnwert Marijetsjerke
Boer
Boksum
Britsum
Britswert
Eastrum Sint-Nikolaastsjerke
Feinsum Sint-Fitustsjerke
Foudgum Marijetsjerke
Ginnum
Hantumhuzen
Hegebeintum Tsjerke fan Hegebeintum
Hijum
Jorwert Tsjerke fan Jorwert
Jouswier
Ketlik
Koartsweagen
Lichtaard
Lytsewâld
Nijeholtwâlde
Olterterp Sint-Hippolytustsjerke
Peins Sint-Gertrudistsjerke
Raard Jehannes de Dopertsjerke
Sibrandahûs
Sint Jabik Groate Kerk
Skalsum Nikolaastsjerke
Skuorregea
Swichum Nikolaastsjerke
Ter Idzard
Terbant Rotondetsjerke
Twellingea
Westhim Bartolomeüstsjerke
Westernijtsjerk
Wetsens Sint-Fitustsjerke_(Wetsens)
Wier
Sweins Reginatsjerke

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: