Springe nei ynhâld

Hegebeintum

Ut Wikipedy
Hegebeintum
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 80 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,06 km², wêrfan:
- lân: 4,04 km²
- wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht. 21 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 20' N 5° 50' E
Offisjele webside
Doarpsbelang Ferwert-Hegebeintum
Kaart
Hegebeintum (Fryslân)
Hegebeintum

Hegebeintum is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Hegebeintum leit noardwestlik fan Ginnum, westlik fan Ferwert en besuden Blije. Hegebeintum hat 80 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn leit oan de Underom en de Hege Tsjerkewei op de terp fan Hegebeintum.

De buorskip De Wym heart ek by Hegebeintum.

Hegebeintum leit op de heechste terp fan Nederlân: 8,80 meter boppe NAP.

Tsjerke

Doe't de terp fan Hegebeintum tusken 1896 en 1905 ôfgroeven waard, hat by wittenskiplik ûndersyk bliken dien dat dy al om 600 f.Kr. hinne bewenne west hat. Dat betsjut dat Hegebeintum ien fan 'e âldste plakken fan Eastergoa is. Yn de twadde helte fan de 8e iuw komt Hegebeitum as 'Bintheim' foar op de âldste Fulda-list. Op in minder âlde list fan it kleaster wurdt it plak 'Westerbintheim' neamd; dat om it te ûnderskieden fan de buorskip Easterbintheim, dat ûnder Blije falt.

Troch setting (of boaiemsakking) fan de grûn is de hichte fan de terp yn de rin fan de iuwen leger wurden; yn it ferline moat de terp noch heger west hawwe.

Hegebeintum hat syn radiale terpstruktuer troch de tiid hinne goed bewarre. De terp wie lykwols net bot beboud en koe dêrom oan it begjin fan de 20e iuw foar in grut part ôfgroeven wurden.

Sûnt 2019 leit Hegebeintum yn de gemeente Noardeast-Fryslân, foar dy tiid lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ferwerderadiel.

Doarpshûs Us Lokaal

Hegebeintum dielt sûnt 1953 it ferieningslibben mei Ferwert. De beide doarpen hawwe ek in mienskiplike feriening fan Doarpsbelang. It doarpshûs fan Hegebeintum hjit 'Us Lokaal', dat offisjeel fan de herfoarme gemeente is. Nei in renovaasje en modernisearring is Us Lokaal yn 2014 op 'e nij iepene. Hegebeintumers wurde foar 'gibben' útmakke.

Tsjerklik is Hegebeintum net mei Ferwert, mar mei Blije ferbûn yn 'e PKN-gemeente Blije-Hegebeintum (webstee).

Hegebeintum hie eartiids in iepenbiere basisskoalle. Dy skoalle waard oan it Underom 1 boud en hie twa lokalen. De skoalle is yn 1911 sletten en doe ferboud, mar it gebou stiet der noch jimmeroan.[3]

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
1954 1959 1973 1999 2002 2003 2004 2006 2008 2009 2010
232 202 139 114 112 117 115 115 103 98 95
2015 2020
87 87

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Besikerssintrum
Besikerssintrum.

Oan de foet fan de terp is in besikerssintrum. Yn dat Archeologysk Stipepunt fan it Frysk Museum wurdt in byld jûn fan alles wat mei de skiednis fan terpen te krijen hat. By it ynformaasjesintrum sit ek de VVV fan Noardeast-Fryslân.

Tsjerke.
De Wikipedy hat ek in side Tsjerke fan Hegebeintum.

De karakteristike Fryske tsjerke mei foar in grut part dowestiennen muorren út de 13e iuw op de terp fan Hegebeintum kin besichtige wurde. Opfallend oan de tsjerke binne de roubuorden mei kleurige wapens fan de foarname famyljes Van Coehoorn, Van Nijsten en De Schepper fan Harstastate, dy't dêr nei it tsjerke giene.

Harstastate
Harstastate.
De Wikipedy hat ek in side Harstastate.

De Harstastate is in state mei in mânske esk yn de tún. Ek is dêr stinzefloara te finen. De Harsta Hoeve njonken de state is in Bêd-en-Brochje-lokaasje.

Keunstwurk fan Hans Jouta
Mûne
De Wikipedy hat ek in side Hegebeintumermûne.

Súdlik fan it doarp stiet de Hegebeintumermûne út 1860.

Burmaniapaad

It Bumaniapaad is in 30 kilometer lang kuier- en fytspaad, dat ferneamd is nei de Bumania's, dy't in soad ynfloed hiene op it gebiet. De rûte begjint yn it sintrum fan Ferwert en bringt minsken lâns de kultuerhistoaryske nijsgjirrichheden fan Ferwert en Hegebeintum. Der binne mooglikheden om de rûte oan te passen en koarter te meitsjen.[4]

Underom
  • De Wym - buorskip De Wym
  • Harstawei
  • Hege Tsjerkewei
  • Mr. Boeleswei
  • Mieddyk
  • Alde feart
  • Patroanswei
  • Pypkedyk
  • Underom
  • Vogelzangsterwei

Berne yn Hegebeintum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Annet Nieuwhof, Egge Knol en Johan Nicolay "De hoogste terp van Friesland"
  • A. Soepboer "Ferwerd- Hogebeintum Toen en nu"
  • R. Boeke "Hogebeintum en zijn kerk"

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Saskia van Ginkel-Meester, Chris Kolman, Yme Kuiper, Ronald Stenvert, Monumenten in Nederland. Fryslân (2000)
  4. Beskriuwing Burmaniapaad op Ferwert-online

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje