De Trieme

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Trieme
Flagge fan De Trieme Wapen fan De Trieme
Flagge Wapen
Lokaasje fan De Trieme
Gemeente Noardeast-Fryslân
Ynwennertal (2014) 329
Webstee []

De Trieme (Triemen) is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. De Trieme hat 329 ynwenners (1 jannewaris 2014).

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Trieme is yn syn kearn in streekdoarp. It is earst sûnt 1940 selsstannich; foar dy tiid wie it in buorskip ûnder Westergeast. De namme komt lykwols al foar yn in akte út 1467, as "op 'e Trema" ("op de seewarring").

De Trieme wie fan âlds in plak dêr't de adel de simmerhuzen hie. In restaurearre wenbuorkerij stiet op it plak dêr't de grytmansfamylje Van Aylva harren simmerhûs Bommelatijer hie.

It doarp leit op in sânrêch. Omdat der altyd in soad ikebeammen op de sângrûn groeie stiet der ek in iik yn it doarpswapen. De kantelen op it doarpswapen binne ôflaat fan de eardere stins fan Buma.

De Trieme leit oan it Lykpaad. It Lykpaed rint fan de Dôlle nei de Strobossertrekwei. In oare histoaryske rûte rint oer de Hanecroothsingel. De namme Hanecroothsingel is ûntliend oan in famylje, dy't út de stêd Nassau yn Dútslân kaam. De legerkapitein Everhard Wilhelm fan Hanecrooth, dy't yn 1747 op mysterieuze wize in de "Oudwoudener Zijlriedt" ferdronken is, hat hjir in skoft wenne.

Kristlike skoalle[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kristlike skoalle fan De Trieme, dy't yn 1876 stifte is troch de earste otterdokse dûmny fan Aldwâld, ds. Joh. Politiek, wie de earste kristlik nasjonale skoalle yn'e wide omkriten. De bern kamen sels út Aldwâld en Kollumersweach.

Yn 1957 is der in nije skoalle kommen. Dy leit tichter by Westergeast. Dit hie der mei te krijen dat de skoalle yn Westergeast doe opheven is.

Natuerreservaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta De Trieme heart ek natuerreservaat De Dôle. Dit reservaat, dat 3 bunder grut is, is partikulier besit, mar wurdt beheard troch It Fryske Gea. Der briede in protte fûgels yn it reservaat en der komme ferskate moerasplanten foar.

Mienskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It doarpshûs hjit De Bazuin.

Strjitnammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Dôle, De Triemen, Migchelbrinkwei, Trekwei, Triemsterloane, Ulkeloane, Van Hanecrootsingel.

De nammejouwing fan de Migchelbrinkwei is ûntstien troch in misferstân. Master Migchelbrink wie haad fan de iepenbiere skoalle fan Aldwâld en net it earste haad fan de skoalle op De Trieme. It misferstân sil der kommen wêze om't Migchelbrink en ds. Politiek net allinne buorlju wienen, mar ek in mienskiplike leafhabberij hienen. Master wie dwaande mei nije ierpelrassen en dûmny hie syn kas.

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]