Springe nei ynhâld

Aldwâld

Ut Wikipedy
Aldwâld
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 815 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 9,11 km², wêrfan:
- lân: 8,84 km²
- wetter: 0,27 km²
Befolkingsticht. 92 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 16' N 6° 6' E
Offisjele webside
aldwald.nl
Kaart
Aldwâld (Fryslân)
Aldwâld

Aldwâld is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Aldwâld leit noardlik fan Feankleaster, eastlik fan De Trieme en westlik fan Kollum. De doarpskearn leit oan de Foarwei. De buorskippen De Dellen, De Wurden, Hústernoard, Aldwâldmersyl en Ter Lune hearre ek by Aldwâld.

Aldwâld hat 815 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Aldwâld is lykas de namme al oanjout in tige âld doarp en waard mooglik al yn 'e 10e of 11 iuw stifte. Yn 1444 waard it doarp 'Oldewolde' neamd, yn 1480 'Oldwaldt' en yn 1505 'Oldwoldt'. De namme 'Altwalt' yn 1543 is in folslein Fryske fariant.

It doarp leit op de noardlike râne fan 'e Wâlden. Fierder nei it noarden leit it lânskip fan de eardere kwelders. It doarp ûntstie as in doarp mei lintbebouwing oan in dyk, dy't de kavels leadrjocht trochsnijd. Dat patroan ûntstie mei it lânoanmeitsjen yn 'e 11e en 12e iuw. De namme en it wapen mei dêrop trije iken ferwize nei de boskrike omjouwing fan it doarp.[3] De iik is ien fan de meast bekende beammen op de sângrûn en wie eartiids fan ekonomysk belang as heechweardich boumateriaal en de bast foar de learloaierij.

De namme De Wygeast (wide hichte), in buorskip dy't tsjintwurdich rekkene wurdt ta Aldwâld, soe tsjutte kinne op in âld heidensk offerplak. Of De Wygeast ek in âldere bewenning kend hat as Aldwâld is net te bewizen, ek al hawwe geasten faak in âldere bewenning as de oangrinzende sângrûn. Yn 'e 19e iuw binne Aldwâld en De Wygeast nei inoar ta groeid.

Aldwâld hearde oant de gemeentlike weryndieling yn 2019 by de gemeente Kollumerlân.

Letgoatyske doarpstsjerke

De tsjerke datearret út de 14e iuw en waard foar in part boud fan it materiaal fan de foargonger. Fanwegen de lokaasje fan de noardlike tagong yn it meast westlike travee en de fynst fan pún westlik fan de tsjerke, wurdt der fanút gien dat de tsjerke noch in travee langer west hat. De toer waard yn 'e 18e iuw ôfbrutsen en ferfongen troch in dakruter. Yn de 18e iuw is de tsjerke, nei de moade fan dy tiid, bepleistere. By de lêste restauraasje is de pleisterlaach wer ferwidere en de âlde stien wer te sjen. [4]

Yn de tsjerke hingje in tal roubuorden fan de Van Doma's, Broersma's en Fan Heemstra's. Dy lju binne net yn Aldwâld begroeven, de van Heemstra's hawwe dy út Kollum meinommen. Ek stiet der in opfallende hearebank fan de Fan Heemstra's.

Oan de noardkant stiet de eardere pastorij út 1806. Der is yn 'e rin fan de tiid it nedige oan ferboud. Op it tsjerkhôf binne twa grêfkelders fan de famyljes Fan Heemstra en Fan Limburg Stirum.

Oan de tsjerke is in tinkstien oanbrocht foar Jan Binnes (Kloosterman), in boer út Aldwâld dy't ien fan de lieders wie fan it Kollumer Oproer yn jannewaris 1797. Jan Binnes waard op 18 febrewaris 1797 op in grouwélige wize ûnthalze op 'e Brol yn Ljouwert.

Allemastate en Eysmastins

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Allemastate

Op de Wygeast stiet de Allemastate, no in pleats mei de efterein nei de wei. Neffens Andreae soe de state stifte wêze troch Redmer Allema dy't yn 1495 as kastelein van Oostbroeksterland (Kollumerlân) foarkomt. Fan it oarspronlike stiennen hûs is de dikke noardmuorre oer. De westmuorre fan it wenhûs bestiet út ôfbraak-kleastermoppen. Boukundich ûndersyk hat bliken dien dat der wierskynlik boud is op âldere fûneminten, dy't neffens guonts fan in eardere sealstins west hawwe kinne. At dat sa is, dan soe dy as 14e-iuwsk datearre wurde moatte.

Op de Wygeast lei neffens Andreae ek Eysmastins, dy't yn de 15e iuw neamd wurdt. Benner Eysma ferset him yn 1467 tsjin it bûn mei Grins. De stins waard yn 1468 fernield. Yn 1571 wurdt it plak Eysmahiem neamd[5]

Op Sint-Pitersdei (22 febrewaris 1651) sloech in swiere stoarm de Aldwâldmer Syl oan it Dokkumer Djip fuort. In tinkstien fertelt it ferhaal oer de wetterfloed. It djippe gat dat dêr ûnstie wurdt no it Mâllersgraefsgat neamd. De namme Mâllersgraefsgat komt fan de Ingelske greve Donough MacCarty greve Clancarthy, dy't as balling út Ingelân yn Aldwâld yn 1698 telâne kaam. Hy kocht it doe al besteande hûs oan it Pitersgat. De greve hie al in wyld libben efter de rêch en dat sette hy dêr troch. Letter hat er it eilân Rottum kocht en dêr gie it noch mâler. It hûs, dat mei ien ferdjipping ferlege is, stiet der noch yn 'e beammen ferskûle. Yn 'e folksmûle wurdt it de Boarch neamd. Wat tichter nei Aldwâld ta, is der de Mâle Grevesbrêge.

Bûterfabryk "Huis ter Noord" 1899 - 1996

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bûterfabryk Huis ter Noord yn de 30-er jierren fan de 20e iuw

Yn Aldwâld hat molkfabryk Hûsternoard de 100 jier krekt net fol makke. Yn 1899 waard de koöperaasje troch in 20-tal boeren stifte. Baron van Heemstra fan Fogelsanghstate út Feankleaster stie in stik grûn oan de Strobosser Trekfeart ôf foar de bou fan it fabryk. Tsjintwurdich wurdt it gebou brûkt foar rekreaasje.

Yn july 1858 waard der in nôt- en pelmûne by Hûsternoard boud (eigner Drewes Kooi út Kollum). Dêr kaam yn 'e jierren 1920 in diselmotor yn. It bedriuw hat oant ±1950 bestien; doe is de boppebou fan de mûne sloopt.[6]

MFA 'Hústerwâld'

Aldwâld hat in multyfunksjonele akkomodaasje mei de namme 'Hústerwâld'. De doarpskrante 'e Hichte' ferskynt elts fearnsjier. Aldwâld hat in doarpsbelang en it doarpsliet 'Us plakje grûn' waard yn 1937 troch Jacob de Boer skreaun.

Kristlike basisskoalle De Tarissing

Oant 2015 stie yn Aldwâld de âldste iepenbiere skoalle fan Fryslân. Al sûnt 1581 waard dêr lesjûn.[7] De skoalle waard yn 1997 nei baron Van Heemstra neamd, dy't de skoalle ek stifte hie. Nei't sluting al eardere drige yn 2005, kaam der yn 2015 definityf in ein oan it iepenbiere ûnderwiis yn Aldwâld. [8][9]

Passtorij

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 2013 2015 2020
Ynwenners 235 858 825 830

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Strjitten yn Aldwâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Allemawei – Jan Binneswei - Dellenswei – Foarwei - De Wygeast – Eysmastrjitte -Feersma Hoekstrastrjitte - Foarwei – Hústernoard – Jasmyn - Lange ikker – Pastorijehof – Prunus - Ribes – Simmerwei – Swartewei - Wâlddyk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/Kollumerland en Nieuw Kruisland, De Monumenten van Geschiednis en Kunst, 1989. Side 149.
  4. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/Kollumerland en Nieuw Kruisland, De Monumenten van Geschiednis en Kunst, 1989. Side 155, 156.
  5. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/Kollumerland en Nieuw Kruisland, De Monumenten van Geschiednis en Kunst, 1989. Side 155, 156.
  6. Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo/Kollumerland en Nieuw Kruisland, De Monumenten van Geschiednis en Kunst, 1989. Side 162.
  7. Side Aldwâld
  8. Wâldnet, 25 novimber 2005
  9. RTV NOF, 22 april 2006

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje