Springe nei ynhâld

Dokkumer Nije Silen

Ut Wikipedy
Dokkumer Nije Silen
Dokkumer Nije Silen yn 2013.
Dokkumer Nije Silen yn 2013.
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Himrik Ingwierrum

Kollum

Oar
Ferkearsieren Provinsjale wei 358
Postkoade 9132 (Ingwierrum) en 9192 (Kollum)
Netnûmer 0519
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
De Dokkumer Nije Silen, oanlein yn 1729, sjoen fanút it westen.
De Dokkumer Nije Silen, oanlein yn 1729, sjoen fanút it westen.
Offisjele webside
Webside Ingwierrum en Dokkumer Nije Silen

De Dokkumer Nije Silen binne de silen dy't oanlein binne by it ôfsluten fan it Dokkumer Djip, yn 1729. Ek de buorskip dy't by de silen ûntstien is, hat dy namme. De buorskip leit yn de himrikken fan Ingwierrum en Kollum, yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Plannen foar it damjen fan it Grutdjip wiene der al sûnt de Sint Pitersfloed. De stoarmramp fan 1717 wie oanlieding dat der yn 1727 serieuze plannen makke waarden. De slûs en diken waarden nei in idee fan luitenant-kolonel Mellema troch wetterboukundige Willem Loré en arsjitekt Claes Bockes Balck útfierd. De nije silen makken de syl yn Dokkum, de Driezumersyl, de Aldwâldersyl en de Kollumersyl oerstallich. Teffens waard 1800 pûnsmiet nij lân wûn.

De Dokkumer Nije Silen bestiet út trije slúskolken. Twa derfan koene brúkt wurde foar it skutten fan skippen. De lêste waard allinnich brûkt foar it spuien fan wetter yn de Lauwerssee. De bourskip is útgroeit ta in fiskershaven fan grenaatfiskers kompleet mei in fiskôfslach.

Yn 1969 waard de Lauwerssee ôfsletten, en is der oan de súdkant fan de Silen in nije slús byboud, de Willem Loréslús. De nije slús hat de funksje fan it skutten fan skippen oernaam. De no âlde silen wurde sûnt dy tiid allinnich noch brûkt foar it spuien fan wetter út de Fryske boezem yn de Lauwersmar. De fiskers en de fiskôfslach binne ferhuze nei Lauwerseach.

Monumint ta oantins fan de bou yn 1729

Gemeentelike weryndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2019 leit Dokkumer Nije Silen yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar leit it part fan Ingwierrum yn de gemeente Dongeradiel en it part fan Kollum yn de gemeente Kollumerlân en Nijkrúslân. It part fan Ingwierrum lei foar 1984 yn East-Dongeradiel.

  • W. Eekhoff, Willem Loré, zijn voornaamste dijk- en waterwerken geschiedkundig beschreven. Frjentsjer 1835.
  • Wumkes I, 161, 170
  • Rienks en Walther 106
Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje