Travee

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It travee fan in goatyske tsjerke

In travee (út it Frânsk: travée) is yn de arsjitektuer it muorreflak fan in gevel tusken twa pylders of pilasters. In travee wurdt metten fan it middelpunt fan de pylder oant it middelpunt fan de folgjende pylder, itjinge it travee ûnderskiedt fan it ynterkolumnium, dat de ôfstân tusken de pylders oanbelanget.

Tsjerkebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de arsjitektuer fan tsjerken wurdt it begryp travee brûkt om it diel fan it ferwulft tusken fjouwer gurdlebôgen oan te tsjutten. In travee is de romte tusken fjouwer pylders, bygelyks de krusing fan de tsjerke.