Pilaster

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Pilasters oan it county courthouse yn Springfield (Ohio)

In pilaster, muorrepylder as healpylder is in rjochthoekige muorreferswiering dy't net sa fier as syn breedte foar in gevel útstekt.

In healpylder is in healrûne fariant fan de pilaster. Beide termen wurde faak troch elkoar brûkt. Pilasters hawwe faak in dekorative funksje.

Pilasters wurde ûnder oare tapast yn it Hollânsk klassisisme en hawwe dan in kapiteel en basemint.

At in muorreferswiering mear as syn breedte foar in muorre útstekt, wurdt sprutsen fan in steunbear, dy't wol in skoarjende funksje hawwe kin. At it útsteksel mar in bytsje is en basemint en kapiteel ûntbrekke, is it in liseen.

Taljochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • In basemint is yn de klassike boukeunst de foet fan in pylder, pilaster of healpylder.

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De tekst op dizze side as in eardere ferzje dêrfan is oernaam fan it webstee fan it Buro Monumintesoarch Amsterdam, http://www.bmz.amsterdam.nl